Stasjon Snits
Stasjon Snits is it stasjon yn de stêd Snits. It stasjon is tagelyk mei de iepening fan it earste gedielte fan it spoar Ljouwert – Starum iepene (16 juny 1883). Hjirby wie Snits noch it einpunt. Twa jier letter, op 8 novimber 1885, wie it spoar oan Starum ta klear.
It stasjonsgebou fan Snits is net unyk yn syn soarte. It stasjonûntwerp wurdt ek wol Standerttype Snits neamd en waard yn de jierren 80 fan de 19e ieu brûkt foar fiif Nederlânske spoarstasjons. Hjirfan binne noch trije oer. De oerkaping fan dit stationstype wie foar elk stasjon lyk. Korintyske pylders fan jitizer ûndersteune in houten kape, dy't de lingte fan it gebou beslaat. Mei de ferbouwings fan dizze stasjons yn de sechtiger jierren (sjoch fierderop yn dit artikel), is de houten kape fernijd/renovearre.
Yn 1921 waard in ferbiningsbôge oanlein tusken Stasjon Snits en de Tramline Snits - Boalsert fan de Nederlânske Tramwei Maatskippij, sadat frachtweinen fia de tramline trochfierd wurde koenen. Dizze tramline waard nei 1947, neidat it stasjon oan de tramline ferfallen wie, fia it emplassemint fan it NS-stasjon betsjinne. De tramline waard yn 1968 opheft en koart dêrnei opbrutsen.
Hast alle stasjons yn de noardlike provinsjes hawwe tsjintwurdich gjin stasjonfoarsjennings mear, dy fan Snits ek net. Nei sluting fan it loket en stasjonsrestauraasje Het Station (noch yn de tiid fan de NS), hat it gebou in skoft leech stien. De nije spoarferfierder (NoordNed, tsjintwurdich Arriva) hie gjin belangstelling foar it weriepenjen fan in loket yn it gebou.
Nei de restauraasje fan it gebou yn july 2004, wêrby't ûnder oare de ûnsjogge 'jierren 60-luifel' weihelle is, fêstige it Nasjonaal Modelspoar Museum him yn de destiidske stasjonsrestauraasje. It museum waard op 29 jannewaris 2005 iepene troch de destiidske kommissaris fan de Keninginne fan Fryslân en treinleafhawwer Ed Nijpels. Yn it gebou sit ek de Taksysintrale Snits, dy 't it loket weriepene hat.
Yn 2007 waarden plannen útskreaun foar de ûntwikkeling fan Stoom Stêd Snits, in pretpark om it tema 'stoom'. Underdiel hjirfan is ûnder mear de stoomtrein Snits-Starum, de line wurdt eksploitearre troch de Fryske Stoomtrein Maatskippij (FStM). Stoomstêd sit fuort ten súdwesten fan stasjon Snits, it park giet medio 2012 iepen.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|