Stasjon Harns

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje


Wiki letter w.svg
Fan dizze side moat de stavering noch hifke wurde.
Jo wurde noege dêr in begjin mei te meitsjen.


Stasjon Harns
Stasjon efterside, perron

Stasjon Harns waard yn gebrûk nommen op 27 oktober 1863 tagelyk mei de iepening fan it spoar HarnsLjouwert. Dat wie it twadde troch de Maatskippij ta Eksploitaasje fan Steatsspoarwegen (SS) yn gebrûk nommen spoar. Yn 1866 waard de line ferlinge nei Grins. It wie in diel fan de troch de Steat der Nederlannen oanleine Line B, fan Harns nei Nijeskâns (klear yn 1868).

It stasjon fan Harns is ien fan de Standertstasjons fan de Steatsspoarwegen, boud yn de jierren sechtich fan de 19e ieu.

Fan de fjouwer noch besteande stasjons fan it type SS tredde klasse steane trije oan it spoar Harns – Nijeskâns, it giet om de stasjons Harns (1863), Ljouwert (1863) en Winschoten (1865).

Yn tsjinstelling mei it stasjon fan Ljouwert, dat letter yngreven ferboud waard, is it stasjon fan Harns noch foar it grutste part yn âlde steat. De boppeferdjipping is in wente, wylst de rest fan it gebou leech stiet.

Yn 1904 kaam der fan Harns út noch in twadde spoar yn noardlike rjochting ta stân. Dat waard it spoar fan de Noord-Friesche Locaalspoorweg-Maatschappij (NFLS), yn Stiens ferbûn mei it Dokkumer lokaaltsje, dat oer Stiens de ferbining Ljouwert Dokkum fersoarge. De ferbining mei Harns waard yn 1938 opheft en opbrutsen.

Stasjon Harns wurdt tsjintwurdich (2008) betsjinne troch de stoptreinen fan Arriva (foarhinne NoordNed). 600 meter bewesten Stasjon Harns is it werklike begjin-/einpunt fan it spoar: Stasjon Harns Haven. Dy halte bestiet út ien perron mei ien spoar wêr't de treinen oanslute op de fearboaten nei Skylge en Flylân.

Ferbinings [bewurkje seksje]

Boarnen, noaten en referinsjes [bewurkje seksje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stationsweblink
  • H. Romers - De Spoorwegarchitectuur in Nederland, 1841-1938, Sutfen 1981
  • C. Douma - Stationsarchitectuur in Nederland, 1938-1998, Sutfen 1998