Sieger van der Laan

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Sieger van der Laan], (It Hearrenfean (Aenjewier), 15 jannewaris 1907 - De Tynje, 14 april 1945 ) wie ûnderwizer oan de bysûndere u.l.o.-skoalle op It Hearrenfean.

Yn de Twadde Wrâldoarloch, by de Dútske besetting, sluet er him oan by de Binnenlânske Striidkrêften (N.B.S.). Op 14 april 1945, de dei dat it súdlike diel fan It Hearrenfean al befrijd wie, waard hy ferriederlik delsjitten. Sieger van der Laan waard by De Tynje delsketten troch de kommandant fan in groep Dútsers, dy't troch it swaaien mei wite flaggen oanjoegen harren oerjaan te wollen. Op fersyk fan de Kanadezen soe Van der Laan as tolk optrede.

Op It Hearrenfean is de Sieger van der Laanstrjitte nei him neamd.

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels