Achlum
Achlum (offisjeel Frysk) is in terpdoarp en leit sûnt 1984 yn Frjentsjerteradiel, súdwestlik fan Frjentsjer en noardlik fan Arum. De foarnamme ‘’Achtele’’ en het wurd ‘’hiem’’ binne de basis fan de namme Achlum
Ta it doarp hearre ek de buorskippen Ieslumbuorren, Luidum en Sopsum. Earder hat der ek in buorskip Gelterp west, en der hawwe twa states west, Offenhuzen en Benysten.
De Slachtedyk komt út it easten Achlum yn, en giet dan fierder nei it noarden, dêr't er de grins wurdt tusken Frjentsjerteradiel en Harns. Nei it suden rint de Muontsewei nei Wûnseradiel. Fia de Achlumer Feart is Achlum nei it easten ferbûn mei de Arumer Feart en nei it noarden mei it Van Harinxmakanaal.
Ynhâld |
Skiednis [bewurkje seksje]
It doarp hat in tsjerke út it begjin fan de 12e ieu, dy't heech op de terp stiet. Foar sa. 1260 wie der in priorij fan regularissen. Dit wie in ûnderdiel fan Lúntsjerk, dy’t yn 1530 ferwoaste is. Nei dy tiid festigen de priorij him yn Achlum, mar yn 1572 hawwe de geuzen dy priorij wer fernield.
Eartiids stie yn Achlum ek in bûterfabryk.
Mienskip [bewurkje seksje]
It doarpshûs hjit ”De Singel” en it doarpskrantsje “Op’e hichte”. Der binne in pjutteboartersplak en twa basisskoallen. Oan de westkant fan it doarp stiet in nij bedriuwenterrein. Achlum hie oant 2007 in doarpswinkeltsje, de Spar -supermerk. Anno 2008 is der ek noch in bistewinkel. It ACA is it Aktiviteiten Komitee Achlum.
Ferienings [bewurkje seksje]
- Keatsferiening Achlum
- Sportferiening Achlum
- Fuotbalferiening Stoarmfûgels ’64
- Nije krêft – toanielferiening
- De lêste troef – kaartclub
- Soas foar de âlderein
- Passaazje – Frouljuferiening
- Iisklub Achlum
- Freonskipsferbân Achlum-Yeji
Untwikkeling ynwennertal [bewurkje seksje]
- 2009 - 635
- 2008 - 652
- 2005 - 663
- 2004 - 666
- 2003 - 664
- 2002 - 674
- 2001 - 679
- 2000 - 668
- 1999 - 652
- 1973 - 738
- 1969 - 796
- 1964 - 824
- 1959 - 881
- 1954 - 889
Berne yn Achlum [bewurkje seksje]
- Ulbe Piers Draisma (1785), oprjochter ferskerder maatskipij
Bysûnderheden [bewurkje seksje]
- De monumintale herfoarme romaanske tsjerke út de 12e ieu is boud fan dowestien en hat in byldhoude iken preekstoel. De toer is yn de 15e ieu boud en hat yn 1789 in houten bekroaning krigen.
- Njonken de tsjerke stiet in 18e ieuske kop-hals-romp pleats.
- It poartegebou fan Grut Dearsum út 1658 is yn 1951 restaurearre. Ten noarden fan Achlum stiet de Stinzepoarte fan it slot Grut Dearsum. It is boud fan giele bakstien en hat twa trepgevels.
- Yn Achlum hat ek in kleaster west, it Achlumer Konvint.
- Oan de Hitsumerdyk stiet de Achlumer Mole dy't yn 2007 restaurearre is.
- De skriuwsters Jetske Bilker en Neeltsje Bonnema wenje yn Achlum.
Konvinsje fan Achlum [bewurkje seksje]
Om te fieren dat ien fan de foarrinners fan ferskerders maatskippij Achmea de Onderlinge Waarborgmaatschappij Achlum twahûndert jier lyn troch Ulbe Piers Draisma yn Achlum oprjochte waard, organisearre de fersekerder op 28 maaie 2011 de Konvinsje fan Achlum. Allerhande sprekkers sille nei Achlum ta komme, wêrûnder Bill Clinton, âld-presidint fan de Feriene Steaten. De bewenners fan it doarp wurde ek by de festiviteiten belutsen. Sa waarden der net alinne lêzingen hâlden yn grutte tinten mar ek yn húskeamers fan bewenners fan Achlum. De lêzingen gongen oer pensioen, feiligens, wurkparticipaasje, soarch en mobiliteit. Nêst de lêzingen waarden der demonstraasjes hâlden fan bygelyks it keatsen en wie der muzyk fan ûnder oare it Frysk Jeugd Orkest en Ernst Langhout.
Strjitten yn Achlum [bewurkje seksje]
Alle strjitten yn Achlum.