Springe nei ynhâld

Furdgum

Ut Wikipedy
Furdgum
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Waadhoeke
Sifers
Ynwennertal 65 (1 jannewaris 2023)
Oerflak 2,45 km²
Befolkingsticht. 28 ynw./km²
Oar
Koördinaten 53° 14' N 5° 33' E
Offisjele webside
Doarpsbelang Tsjummearum-Furdgum
Kaart
Furdgum (Waadhoeke)
Furdgum

Furdgum is in doarp yn de gemeente De Waadhoeke. It plak leit noardeastlik fan Tsjummearum, noardwestlik fan Rie, westlik fan Minnertsgea en besuden de Waadsee. De doarpskearn fan Furdgum leit om de krúsing fan de Hearewei en Camstrawei. De buorskip Dyskhoeke heart ek by Furdgum.

Op 1 jannewaris 2023 hie Furdgum 65 ynwenners.

Furdgum leit op de jongste kwelderwâl fan Westergoa. De Hearewei foarme eartiids in rige fan terpen, dy't hjoeddedei troch argrarysk gebrûk foar in grut part ôfflakke binne, mar der binne noch njoggen terpen fanôf it krúspunt Camstrawei/Hearewei te werkennen. Ut fynsten hat bliken dien dat sûnt de earste iuwen fan jiertelling it plak al bewenne waard en dat de bewenners sûnt de 5e of 6e iuw, wis de 7e iuw, al ikkerbou útoefenen. De terp fan Furdgum waard yn de iere midsiuwen opsmiten en sa'n fearnspart is yn 1920 ôfgroeven.[1]

Pleats op it hiem fan de eardere Camstra State fan Firdgum

De oan Sint-Nikolaas wijde tsjerke waard yn de 13e of 14e iuw boud. Nei't de tsjerke yn 1794 fanwegen brekfalligens ôfbrutsen waard, bleau de toer stean. Yn de toer hinget in liedklok út 1471.

Op it doarpsgebiet fan Furdgum stiene eartiids de Camstra State en de Jelgersma State (Camstrawei 8). De states binne ferfongen troch grutte pleatsen. Fan de Camstra State binne 16e iuwske dielen yn de pleats bewarre bleaun.

Bestjoerlike yndieling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oant de gemeentlike weryndieling fan 1984 makke Furdgum diel út fan de gemeente Barradiel. Dêrnei lei it doarp yn de gemeente Frjentsjerteradiel en sûnt de lêste weryndieling fan 2018 yn de gemeente Waadhoeke.

Kop-hals-romppleats Camstrawei

It doarp hat mienskiplik in doarpsbelang mei Tsjummearum. Ek it ferieningslibben is mei dat doarp mienskiplik.

Yeb Hettinga Museum (earder iepenbiere basisskoalle fan Furdgum)

Bern geane yn 'e regel nei Tsjummearum nei skoalle. Yn it âlde gebou fan de eardere iepenbiere basisskoalle fan Furdgum is tsjintwurdich it Yeb Hettinga Museum ûnderbrocht.

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1840 2013 2015 2020
Ynwenners 94 65 60 70

(Boarnen: 1840: Plaatsengids, 2013, 2015 en 2020: Alle Cijfers.)

Argeologysk stipepunt

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Seaddehûs

Yn Furdgum is in archeologysk stipepunt yn it Yeb Hettinga Museum ûnderbrocht. it museum hat in grutte kolleksje âld ark en wikseljende tentoanstellings.

Yn it ramt fan it Regionaal Argelogysk Projekt Noardlik Westergoa, dat him meast rjochtet op oerbleaune taluds fan ôfgroeven terpen en wierden, de saneamde ‘steilkanten’, waard de terp Furdgum juny 2011 ûndersocht troch archeologen fan de RUG[2]

Yn 2013 waard yn Furdgum in seaddehûs (mei in houten kape) boud op de wize sa't yn de iere midsiuwen wenst west hawwe kin. Dat barde yn it ramt fan it promoasjeûndersyk fan de Grinzer archeolooch Daniël Postma en mei help fan frijwilligers. It seaddehûs gie ferlern troch waar en wyn yn novimber fan dat jier. Der kaam lykwols in nij seaddehûs dat novimber 2015 offisjeel iepene waard. De Yeb Hettinga Museum sil de eksploitaasje op 'e noed nimme. Al dwaande hawwe de makkers in protte ynsicht krige yn de manier fan bouwen fan de terpbewenners yn de 6e iuw, 7e iuw en 8e iuw.[3]

Camstrawei, Griene Dyk, Hearewei, Hoarnestreek, Tjessingawei, Seedyk

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

It doarp hat mei Tsjummearum in eigen webstee.

  1. Wierdenen terpen.nl, oproppen 5 maart 2023
  2. Ljouwerter Krante 22 juny 2011, s. 15 Dorp van de laatste terpenbouwers.
  3. Firdgum bewijst dat zodenbouw ook toekomst heeft, Frysk Deiblêd, 30 novimber 2015, s. 27