Tsjom

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Tsjom
Flagge fan Tsjom Wapen fan Tsjom
Flagge Wapen
Lokaasje fan Tsjom
Gemeente Frjentsjerteradiel
Ynwennertal (2003) 1167
Webstee Webstek Tsjom


Tsjom (2009)

Tsjom is in terpdoarp yn de gemeente Frjentsjerteradiel, trije kilometer súdlik fan Frjentsjer, mei 1.167 ynwenners (31 desimber 2003).

Ynhâld

[bewurkje seksje] Geografy

[bewurkje seksje] Ferbinings

Tsjom hat nei it suden fia de Wommelser Wei ferbining mei Wommels, en nei it noarden fia de Frjentsjerter Wei mei Frjentsjer. De Nijbuorster Wei nei it easten jout ferbining mei Winsum. Tsjom leit east fan de De Tsjommer Feart dy't nei it noarden by Frjentsjer yn it Van Harinxmakanaal útkomt, en yn it suden by Hemert yn de Harnzer Feart. De Aldmear foarmet nei it easten de ferbining mei de Frjentsjerter Feart.

[bewurkje seksje] Buorskippen

Tsjom hat in grutte himrik, dêr't ferskate buorskippen yn lizze. Under oaren de buorskippen Fâltum, De Flearen, Holpryp, Koum, Laakwert, Tolsum en Tritsum wurde ek ta Tsjom rekkene.

[bewurkje seksje] Gebouwen

[bewurkje seksje] Tsjerke

Tsjom hat in hege, en hieltiid noch grutte terp, mei in tsjerke, in Johannestsjerke, mei in opfallende toer. De toer, út 1548, is 72 meter heech, dêr't de spits 41 meter fan is, en is dêrmei de heechste doarpstoer yn Fryslân. Der binne al stêdstoeren dy't heger binne. Sa is bygelyks de toer fan 'e Bonifatiustsjerke yn Ljouwert, fan likernôch 1880, sels 85 meter heech.

De bynamme fan de Tsjommers, Lyntsjesnijers, hat ek mei de toer te krijen. Neffens it ferhaal soenen lju fan Aldeboarn besocht hawwe de toer fan Tsjom op te mjitten, mei it doel in noch hegere toer bouwe te kinnen en dêr mei te pronkjen. Fan de line dy't de lingte oanjoech sniene de Tsjommers lykwols in stik ôf, dat doe't Aldeboarn in toer boud hie dy't heger wie as de line lang wie, wie dy dochs lytser as dy fan Tsjom.

[bewurkje seksje] Mûnen

Tichtby Tsjom stean twa spinnekopmoles: Fatum en Teatlum.

[bewurkje seksje] Mienskip

Tsjom hat in eigen feriening foar Doarpsbelang. Doarpshûs De Moeting stiet oan de Nijbuorsterwei. Buertferienings binne Foar de Toer, De Knikkeraaars, Slotriclub, Smiwofa, Tusken Terp en Wetter en It Bildtlân. Basisskoalle fan it doarp is de Staetlânskoalle, 't Hummelhonk it pjutteboartersplak. It doarpskrantsje fan Tsjom hjit Op'e Hichte.

[bewurkje seksje] Ferienings

  • Wake Up - gospel
  • Moeting - kaartspyljen
  • Nut en Genoegen - toaniel
  • Keu's Genôch / KOT / Krekt Rekke - biljerten
  • Animo - gymnastyk
  • Wês Wis - keatsen
  • HaBo - fitness, krêftsport en kondysje
  • Fuotbalferiening Tsjom
  • follybalferiening
  • iisklup
  • stichting MAST - duorsumens

[bewurkje seksje] Berne yn Tsjom

[bewurkje seksje] Untwikkeling ynwennertal

[bewurkje seksje] Strjitten

Alle strjitten fan Tsjom.

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen