Pitersbierrum

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De himrik fan Pitersbierrum.

Pitersbierrum is in doarp yn de gemeente Frjentsjerteradiel, west fan Seisbierrum. It doarp hat 172 ynwenners (31 desimber 2003).

Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 makke Pitersbierrum diel út fan de gemeente Barradiel.

Pitersbierrum foarmet mei Seisbierrum in soart dûbeldoarp, omt beide doarpen de lêste 60 jier oan elkoar groeid binne en fierder mei inoar ferweve binne. Doe't it gemeentehûs yn it dûbeldoarp kaam is ek fuortendaliks de skiedsline tusken beide doarpen in lytse hûndert meter opskood om der foar te soargjen dat it gemeentehûs yn Seisbierrum kaam te stean. Sûnt ein 2008 is it âld-gemeentehûs yn gebrûk as Thomashûs.

Ynhâld

Mienskip [bewurkje seksje]

Doarpshûs “It Waad” oan de Skoalstrjitte is foar Seisbierrum/Pitersbierrum.

Ferienings [bewurkje seksje]

  • Euphonia - koar

Befolking [bewurkje seksje]

Berne yn Pitersbierrum [bewurkje seksje]

Strjitten [bewurkje seksje]

Breed Plak, Hearewei, Hoarnestreek, Hoarpaad, Leane, Liauckamaleane, Skippersdykje, Van Hottingawei, Walburgastrjitte.

Sjoch ek [bewurkje seksje]

Keppeling om utens [bewurkje seksje]