Doanjum

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Doanjum
Flagge fan Doanjum Wapen fan Doanjum
Flagge Wapen
Lokaasje fan Doanjum
Gemeente Frjentsjerteradiel
Ynwennertal (2003) 55
Webstee Webstee fan Doanjum en Boer

Doanjum is in doarp yn de gemeente Frjentsjerteradiel, benoarden Frjentsjer. It doarp hat 362 ynwenners (31 desimber 2003). Yn Doanjum stean 163 wenten. Dit binne 100 keaphuzen en 63 hierhuzen (2007).

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Doanjum bestiet út in groep terpen op in âlde kwelderwâl. It gebiet moat blikens grûnfynsten al in de Romeinske tiid bewenne west hawwe. Ut opgroeven ierdewurk blykt dat de destiidske bewenners frijwat begoedige wienen. Fan de ein fan de Romeinske tiid oant yn de 5e ieu wie it gebiet nei alle gedachten ûnbewenne.

Yn it begjin fan de 17e ieu waard hjir de stins Goslinga State boud, wêr 't letter de grytman en steatsman Sicco van Goslinga wenne dy 't yn 1731 ferstoar. Yn 1803 waard de stins ôfbrutsen. Yn de tsjerke fan Doanjum (1711) is noch in prielgrêf fan Sicco van Goslinga.

Doanjum hie sûnt 1 oktober 1903 in stasjon oan it NFLS-spoar fan Frjentsjer nei Tsjummearum; de geografyske ôfkoarting wie Dj. By graafwurk foar it spoar waard yn 1911 in brûnzen byldsje út de Romeinske tiid fûn dat de Romeinske god Mars foarstelt. Op 8 oktober 1933 waard it stasjon sluten.

Mienskip[bewurkje seksje | edit source]

Mei it tichtby lizzende Boer hat Doanjum sûnt april 1969 de feriening Doarpsbelang Doanjum/Boer. De feriening hat kontakten mei de gemeente, wenningstifting, sosjaal- en maatskiplik wurk De Skûle. Sawat om de twa moanne komt de doarpskrante De Skûle út. Njonken iepenbiere skoalle De Twirre stiet sûnt 2007 doarpshûs De Boppeslach.

Ferienings[bewurkje seksje | edit source]

  • It Wouterke - toaniel
  • Moed en Volharding - keatsen
  • VVV - feriening foar folksfermeits
  • Dûnsferiening
  • Neist 'e Terp - iisclub

Befolking[bewurkje seksje | edit source]

Berne yn Doanjum[bewurkje seksje | edit source]

Strjitten[bewurkje seksje | edit source]

Doarpsstrjitte, Frjentsjerterwei, Hovensreed, M C Willemsstrjitte, Marten Anemastrjitte, Noarderstrjitte, Riedsterwei, Tsjummearumerwei, Van Goslingastrjitte, Wytse Foppesstrjitte.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]