Boksum

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
de himrik fan Boksum

Boksum is in doarp yn it súdeasten fan de gemeente Menameradiel. It doarp hat likernôch 400 ynwenners (2004).

Lykas de oare doarpen yn Menameradiel is ek Boksum ûntstien oan de Middelsee. De âlde Middelseedyk is hjir noch in stille tsjûge fan. It doarp leit sawat 7 kilometer súdwest fan Ljouwert, tichtby it doarp Jellum yn Littenseradiel.

Tsjerke[bewurkje seksje | edit source]

De Sint Margaretatsjerke is boud op in terp en is omjûn troch in tsjerkhôf. De tsjerke waard oarspronklik boud om it jier 1100 en om 1300 hinne fergrutte. Yn de noardmuorre sit in tichtmitsele koerbôgige yngong út ûngefear 1500 mei in omlisting fan profylstien. De toer is yn 1843 boud nei in ynstroarting. Ein 2003 is de tsjerke, mei in oargel út 1675, restaureard. Yn 2010 is it oargel werombracht yn âlde steat. Yn de maaitiid fan 2002 waard by de tsjerke in fersierde sarkofaach fan rôze sânstien fûn. De tsjerke fan Boksum hie altyd twa aparte ‘fakken’: Rjochts de banken fan de froulju en lofts de manlju.
De hearebank út 1661 hat in bekroaning en in wapen fan Bouricius en Glinstra. Der is ek in tinkboerd út mei in opskrift oer de slach by Boksum yn 1586 út de tiid fan de Spaanske oerhearsking. Ein 2005 fûnen grêfdylgers in grêf mei in ryk fersierde stiennen kiste út de 12e ieu. Yn maaie 2006 waard wat fierderop in midsieuske dekstien fûn.<br

Slach by Boksum[bewurkje seksje | edit source]

Yn de Tachtichjierrige Oarloch wûnen de troepen fan Philips II op 17 jannewaris 1586 de Slach by Boksum. Yn 1586 ferlearen de Fryske troepen de slach fan de Spaanske soldaten. Dizze koene sa ticht by de haadstêd komme omdat alle sleatten en fearten beferzen wienen. De Spanjerts hienen nei de slach by Boksum in frije trochtocht nei Ljouwert hân, as it doe net teiwaar waard. Neffens de tekst op in tinkboerd yn de Sint Margaretatsjerke, binne yn dizze slach tûzen deaden fallen.

Stasjon[bewurkje seksje | edit source]

Tusken 1883 en 1938 hie Boksum, tegearre mei it twillingdoarp Jellum, in stasjon oan it spoar Ljouwert - Starum, Jellum-Boksum neamd.
In bekend ferske oer Jellum-Boksum:
It muzyk giet troch de buorren, it is allegearre folk.
Rom-bom-bom, rom-bom-bom, slacht de tromme.
Dêr begjint it al: "Jellum-Boksum is in wiidferneamd stasjon!
Alle jonges, alle famkes sjonge mei `t is in lust,
Hast ús hiele lytse doarpke dat is op'en baan!

Mienskip[bewurkje seksje | edit source]

Neist in basisskoalle ( Otto Clant ) en in doarpshûs ( It String ) is der ek in tsjerke.

Ferieningen[bewurkje seksje | edit source]

  • De Stringpraters - toaniel
  • BCB - biljerten
  • Sparta '59 - foutbal
  • Troch de Koer - kuorbal
  • Persis - frouweferiening
  • FTW ( Foar Trije Wurk ) - keatsen
  • Follybalferiening
  • Manljusferiening ( Onderzoekt de Schriften )
  • Advendo - muzykferiening

Bekende (âld) ynwenners fan Boksum[bewurkje seksje | edit source]

Ynwennertal[bewurkje seksje | edit source]

Berne yn Boksum[bewurkje seksje | edit source]

Strjitten[bewurkje seksje | edit source]

Blessumerpaad, Buorren, Diorremahiem, Fockingastrjitte, Heechpaad, Hegedyk, Hilaarderpaad, It Reedtsje, Muontsehiem, Nijlânsdyk, Oedsmawei, Pypsterbuorren, Scheltemahiem, Tiltsjedyk.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: