Ulbe van Houten
Ulbe van Houten ( Boksum, 23 maart 1904 - Sint Anne, 22 maart 1974 ) wie in Frysk skriuwer.
Ynhâld |
Libben [bewurkje seksje]
As arbeiders soan en jongste fan fjouwer bern gie er nei de kweekskoalle om foar ûnderwizer te learen. Yn 1922 waard er beneamd as ûnderwizer oan de kristlike De Slotskoalle yn Sint Anne. Letter waard hy learaar oan de MULO yn dat plak. Syn frou, Sieuwke Lep, kaam út Froubuorren. Sadwaande hearden de fiif bern yn de húshâlding Van Houten thús twa talen, mem prate Biltsk mei har en heit Frysk.
Syn earste Fryske boek skreaun er yn1936. Syn literêre neilittenskip bestiet út ien roman, in ferhalebondel en twa novelles. It neifertellen fan de bibelske ferhalen yn "De Hillige Histoarje" yn twa dielen, it âlde en nije testamint, seach de grifformearde Van Houten as syn libbenswurk. Yn 1955 krige er dêrfoar yn Boalsert de heechste literêre ûnderskieding fan de provinsje Fryslân, de Gysbert Japicxpriis.
As taalkundich ûnderstiper wurke er yn it ramt fan 'e Nije Fryske Bibeloersetting (1966-1978) mei oan 'e fertaling fan 'e bibelboeken Genesis, Exodus, Leviticus, Numeri, Deuteronomium, Jozua, Rjochters, Ruth, 1 en 2 Samuël, 1 en 2 Keningen, Ester, Psalmen, Spreuken, Preker, Heechliet en Kleilieten.
Wurk [bewurkje seksje]
Romans [bewurkje seksje]
- De sûnde fan Haitze Holwerda ( printing ien 1938,alfte printing 2010
- De zonde van Haitze Holwerda ( Nederlânske oersetting: Kok, Kampen) (1950)
Novelles [bewurkje seksje]
Ferhalebondels [bewurkje seksje]
- De rook fen it lân (1943)
- De rook fan it lân - novellen en ferhalen (2e printinge) (1965)
- De rook fan it lân (3e printinge, Fryske Klassiken nû. 7) (1994)en 4e printing 2010
Ferskaat [bewurkje seksje]
- De hillige histoarje, diel I, It âlde testamint (1949)
- De hillige histoarje, diel II, It nije testamint (1953)en tredde printing 1983
- De heilige geschiedenis, I. Het oude testament (oersetting: Wever, Frjentsjer) (1959)
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|