Kleilieten

Ut Wikipedy
Kleilieten
algemiene gegevens
oarspr. titel איכה ("Eiḵah")
auteur anonimus (Jeremia?)
taal Hebriuwsk
foarm poëzij
sjenre klaachlieten
skreaun koart nei 586 f.Kr.
bondel Bibel
rige
rige Alde Testamint
● foarich diel Jeremia
● folgjend diel Ezechiël
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Kleilieten
publikaasje 1943, Haarlim
útjouwer Nederlands Bijbelgenootschap
oersetter G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma

De Kleilieten, yn it oarspronklike Hebriuwsk: איכה, Ēiḵāh ("Hoe't"), foarmje in boek fan dichterlike rousangen yn sawol de joadske as de kristlike Bibel. Yn 'e joadske Tenach is it it 20ste boek (fan 24) en falt it ûnder de Ḵeṯuḇim (de "Geskriften"); yn it Alde Testamint fan 'e kristlike Bibel is it (neffens de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978) it 25ste boek (fan 39) en heart it ta de Grutte Profeten (fanwegen de eardere oertsjûging dat it skreaun is troch de profeet Jeremia). De Kleilieten beklage de fal fan Jeruzalim en de ferwuostging fan 'e Timpel yn 586 f.Kr. troch de Babyloaniërs ûnder kening Nebûkadnêzar II. Neffens de joadske tradysje wurde de Kleilieten foarlêzen op Tisha B'Av ("de Njoggende fan Av"), de fertrietlikste dei fan 'e joadske kalinder, wannear't de ferwuostging fan sawol de Earste as de Twadde Timpel berouwe wurdt. De earste folsleine Fryske oersetting derfan stie yn 'e fertaling fan it Alde Testamint, fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dy't yn 1943 útkaam.

Oarsprong[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens de tradysje soe de profeet Jeremia de skriuwer fan 'e Kleilieten wêze; dêrfandinne dat se yn 'e kristlike Bibel daliks op it boek Jeremia folgje. It ferhaal giet dat Jeremia him weromloek yn in grot fuort bûten de Damaskuspoarte fan Jeruzalim en dêr de Kleilieten skreau; de grot wurdt noch altiten oanwiisd troch toergidsen. Lykwols, de strange neilibbing fan 'e stylregels komt men nearne yn Jeremia tsjin, dat al is it boek mooglik skreaun troch ien auteur (al is dat ûnder bibelwittenskippers ek in striidpunt), dan noch besteane der slimme twifels oer oft dat Jeremia wol wie. De Kleilieten datearje nei alle gedachten fan koart nei 586 f.Kr.

De profeet Jeremia dy't treuret om 'e fal fan Jeruzalim (in skilderij fan Rembrandt).

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Kleilieten binne in lytse samling rousangen, dêr't treurjendewei de ûndergong fan Jeruzalim en de Timpel mei besongen wurdt. Se binne nei alle gedachten basearre op it fan oarsprong Mesopotamyske sjenre fan 'e stedsbeklagings, dy't weromgeane oant de Sûmearyske tiid en dêr't it Kleiliet foar Ur it ierst oerlevere en bekendste foarbyld fan is. De Kleilieten omfetsje fiif ôfsûnderlike dichtwurken, dy't yn it bibelboek de fiif haadstikken foarmje. Yn Kleil. 1 hat de profeet it oer de mannichfâlde ellinde dy't makket dat de stêd (Jeruzalim) as in iensume widdo sit te skriemen. Yn Kleil. 2 leit er in oarsaaklik ferbân tusken dy ellinde en de sûnden fan it folk tsjin syn God. Yn Kleil. 3 sprekt er de hope út dat de straf dy't God oer it folk en lân komme litten hat, mar fan tydlik aard wêze sil en dat it folk der op 'en doer allinne mar better fan wurde sil. Yn Kleil. 4 beklaget er fannijs de ferrinnewearring fan stêd en Timpel, dy't er nochris weromfiert op 'e sûnden fan it folk. En Kleil. 5, ta ein beslút, foarmet in gebed dat de hoffening fan Sion weinommen wurde mei sadree't it folk berou kriget fan syn dôfhûdigens.

Fryske oersetting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1919 joech dû. Geart Aeilco Wumkes yn syn Ut 'e Heilige Dobbe û.m. in oersettingsfragmint fan eigen hân fan Kleil. 3:22-33 út. De earste folsleine útjefte fan 'e Kleilieten stie yn it Alde Testamint fan Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, dêr't dy yn 1943 de earste Fryske bibeloersetting mei foltôgen. Om't sawol teologen as taalkundigen beswieren tsjin 'e fertaling Wumkes-Folkertsma hiene, waard fan 1966 ôf wurke oan in nije bibeloersetting, dy't yn 1978 útkaam as de Nije Fryske Bibeloersetting (mei stipe fan 'e provinsje Fryslân, it Nederlands Bijbelgenootschap te Haarlim en de Katholieke Bijbelstichting te Bokstel). Dat is de fertaling dy't noch altiten yn gebrûk is, yn 'e foarm fan 'e trêde, ferbettere druk fan 1995. De oersetting fan 'e Kleilieten waard dêrby dien troch dû. R. Bijl, dy't op taalkundich mêd ûnderstipe waard troch Ulbe van Houten.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • It Alde Testamint (oers. G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma), Haarlim, 1943, sûnder ISBN.
  • Bibel (oers. G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma), Haarlim, 1943, sûnder ISBN.
  • Bibel (Nije Fryske Bibeloersetting), Haarlim/Bokstel, 1978 (Nederlands Bijbelgenootschap/Katholieke Bijbelstichting), ISBN 9 06 12 60 817.

Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.

Bibel (neffens de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978)
Alde Testamint
Genesis | Exodus | Leviticus | Numeri | Deuteronomium | Jozua | Rjochters | Ruth | 1 Samuël | 2 Samuël | 1 Keningen | 2 Keningen | 1 Kroniken | 2 Kroniken | Ezra | Nehemia | Ester | Job | Psalmen | Spreuken | Preker | Heechliet | Jesaja | Jeremia | Kleilieten | Ezechiël | Daniël | Hoséa | Joël | Amos | Obadja | Jona | Micha | Nahum | Habakuk | Sefanja | Haggai | Sacharja | Maleächy
Deuterokanonike of Apokrife Boeken (taheakke oan it Alde Testamint)
Judit | Wysheid fan Salomo | Tobit | Jezus Sirach | Barûch | Brief fan Jeremia | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | Ester (Gryksk) | Taheakken op it Boek Daniël (Azarja • Suzanne • Bel en de Draak)
Nije Testamint
Mattéus | Markus | Lukas | Jehannes | Hannelingen | Romeinen | 1 Korintiërs | 2 Korintiërs | Galatiërs | Efeziërs | Filippiërs | Kolossers | 1 Tessalonikers | 2 Tessalonikers | 1 Timóteüs | 2 Timóteüs | Titus | Filémon | Hebreeërs | Jakobus | 1 Petrus | 2 Petrus | 1 Jehannes | 2 Jehannes | 3 Jehannes | Judas | Iepenbiering