Alde Testamint

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
In side út it Alde Testamint fan 'e Gutenbergbibel, de earste printe bibel.

It Alde Testamint (Latyn: Vetus Testamentum) is de oantsjutting foar in samling religieuze geskriften dy't it earste part fan 'e Bibel foarmje, it hillige boek fan it kristendom en it joadendom. Hoewol't it rûchwei oerienkomt mei de Tenach, de joadske bibel, wurdt de namme "Alde Testamint" inkeld yn 'e kristlike kontekst brûkt, om it te ûnderskieden fan it lettere Nije Testamint. De oarspronklike tekst fan it Alde Testamint wie skreaun yn it Hebrieusk, útsein guon passaazjes yn 'e boeken Ezra, Jeremia en Daniël, dy't yn it Arameesk wiene. De earste Fryske oersetting fan it Alde Testamint, fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma, kaam út yn 1943.

Ynhâld

Ynhâld [bewurkje seksje]

It Alde Testament omfettet boeken mei in grut ferskaat oan ynhâld. Der binne guons dy't histoaryske boeken neamd wurde, om't se de oerlevere ferhalen fan it Joadske folk omfiemje. Fierders binne der boeken mei útspraken fan profeten, wetboeken en boeken mei lieten en spreuken.

De boeken fan it Alde Testamint fertelle efterinoar oer it oanbegjin en de skepping fan 'e wrâld en de minske troch God, de sûndfloed, de aartsfaars, de Ballingskip yn Egypte, de weromkear fan 'e âlde Hebreeërs nei it Unthjitten Lân, de skiednis fan it keninkryk Israel en letter teffens fan it keninkryk Juda ûnder de rjochters en dêrnei de keningen, de ferrinnewearring fan dy beide keninkriken troch de Babyloaniërs en de Alde Assyriërs, de Babyloanyske Ballingskip en de weromkear fan 'e joaden út Babyloanje, en einigje mei de profesijen fan in hiele rige profeten.

De Kanon [bewurkje seksje]

De gearstalling fan 'e kanon fan it Alde Testamint, de samling fan erkende boeken dus, is binnen de kristlike tsjerken in hjit hingizer. De protestantske denominaasjes erkenne inkeld de 24 boeken fan 'e joadske Tenach, sij it yn in folslein oare yndieling, sadat it yn harren Alde Testamint 39 boeken wurden binne. De Roomsk-Katolike Tsjerke erkent al dy 39 en noch 7 oaren deropta, sadat it totaal op 46 komt. De Gryksk-Otterdokse Tsjerke hat noch 4 oaren, mar foeget ek wer 2 boeken gear, en komt yn totaal dus op 49, en de Russysk-Otterdokse Tsjerke hat de 46 roomske en de 4 Gryksk-otterdokse boeken plus noch 1 ekstra: 51 dus. De Georgysk-Otterdokse Tsjerke hat noch wer ien ekstra, wat it totaal op 52 bringt. De Etiopysk-Otterdokse Tsjerke komt mei in folslein oare yndieling út op 46 boeken, wêrby't ûnderskate fan 'e protestantske bibelboeken geartroppe binne, wylst der oare, yn it Westen folslein ûnbekende teksten tafoege binne. Boeken dy't net ta de kanon (fan in beskate tsjerke) hearre, wurde (yn dat fermidden) de apokrife of deuterokanonike boeken neamd. Yn guon protestantske streamings wurde sokke apokrife boeken oan 'e ein fan it Alde Testamint opnommen as in nuttige mar net offisjeel erkende taheakke, mar yn oare, strangere, denominaasjes wurdt dat wer beslist net dien.

Yndieling [bewurkje seksje]

De boeken fan it Alde Testamint, wat harren gearstalling ek krekt wêze mei, wurde tradysjoneel opdield yn in stikmannich groepkes, te witten: Wet, Skiednis, Poëzij en Wiisheid, Grutte Profeten en Lytse Profeten. Dizze yndieling is lykwols ûnoffisjeel en yn gjin inkele bibel as sadanich werom te finen.

De ûnderskate bibelboeken [bewurkje seksje]

Hjirûnder de opsomming fan 'e boeken fan it Alde Testamint. De kanon (en folchoarder) is dy fan 'e Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978.

Yn 'e kanon fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke folgje de boeken Tobit en Judit fuort nei Nehemia, wylst Ester (Gryksk) oan Ester tafoege is. Nei Ester komme 1 Makkabeeërs en 2 Makkabeeërs en nei it Heechliet folgje de Wysheid fan Salomo en Jezus Sirach. Barûch (it Brief fan Jeremia ynbegrepen) stiet tusken Kleilieten en Ezechiël yn; Azarja (of It Liet fan Azarja) foarmet in passaazje fan it boek Daniël (nei Daniël 3:23); en Suzanne en Bel en de Draak binne oan Daniël tafoege as de beide lêste haadstikken.

Ferliking fan ûnderskate yndielings fan it Alde Testamint [bewurkje seksje]

joadendom protestantske tsjerken Roomsk-Katolike Tsjerke Gryksk-Otterdokse Tsjerke Russysk-Otterdokse Tsjerke Georgysk-Otterdokse Tsjerke Etiopysk-Otterdokse Tsjerke
Ḇerešiṯ Genesis Genesis Genesis Genesis Genesis Genesis
Šemot Exodus Exodus Exodus Exodus Exodus Exodus
Vayikra Leviticus Leviticus Leviticus Leviticus Leviticus Leviticus
Ḇamidḇar Numeri Numeri Numeri Numeri Numeri Numeri
Deḇarim Deuteronomium Deuteronomium Deuteronomium Deuteronomium Deuteronomium Deuteronomium
Yehošua Jozua Jozua Jozua Jozua Jozua Jozua
Šofṭim Rjochters Rjochters Rjochters Rjochters Rjochters Rjochters
Šmu'el Ruth Ruth Ruth Ruth Ruth Ruth
Melaḵim 1 Samuël 1 Samuël (of 1 Keningen) 1 Samuël (of 1 Keningen) 1 Samuël (of 1 Keningen) 1 Samuël (of 1 Keningen) Samuël
Yešayahu 2 Samuël 2 Samuël (of 2 Keningen) 2 Samuël (of 2 Keningen) 2 Samuël (of 2 Keningen) 2 Samuël (of 2 Keningen) Keningen
Yirmiyahu 1 Keningen 1 Keningen (of 3 Keningen) 1 Keningen (of 3 Keningen) 1 Keningen (of 3 Keningen) 1 Keningen (of 3 Keningen) 1 Kroniken
Yeḥezq'el 2 Keningen 2 Keningen (of 4 Keningen) 2 Keningen (of 4 Keningen) 2 Keningen (of 4 Keningen) 2 Keningen (of 4 Keningen) 2 Kroniken (ynkl. Gebed fan Manasse)
Ṯrei Asar 1 Kroniken 1 Kroniken 1 Kroniken 1 Kroniken 1 Kroniken Jubileeërs
Ruṯ 2 Kroniken 2 Kroniken 2 Kroniken 2 Kroniken 2 Kroniken Henoch
Ṯehillim Ezra Ezra (of 1 Ezra) Ezra (Gryksk) of 1 Ezra Ezra of 1 Ezra Ezra of 1 Ezra Ezra-Nehemia
Iyyoḇ Nehemia Nehemia (of 2 Ezra) Ezra-Nehemia of 2 Ezra 2 Ezra 2 Ezra 2 Ezra en Ezra Sutuël
Mišlei Ester Tobit Tobit Ezra (Gryksk) of 3 Ezra Ezra (Gryksk) of 1 Ezra Tobit
Qoheleṯ Job Judit Judit Nehemia Nehemia Judit
Šir Hašširim Psalmen Ester (ynkl. Ester (Gryksk) Ester (ynkl. Ester (Gryksk) Tobit Tobit Ester (ynkl. Ester (Gryksk)
Eiḵah Spreuken 1 Makkabeeërs 1 Makkabeeërs Judit Judit 1 Meqabyan
Dani’el Preker 2 Makkabeeërs 2 Makkabeeërs Ester (ynkl. Ester (Gryksk) Ester (ynkl. Ester (Gryksk) 2 en 3 Meqabyan
Esṯer Heechliet Job 3 Makkabeeërs 1 Makkabeeërs 1 Makkabeeërs Job
Ezra Jesaja Psalmen Job 2 Makkabeeërs 2 Makkabeeërs Psalmen
Diḇrei ha-Yamim Jeremia Spreuken Psalmen (ynkl. Psalm 151) 3 Makkabeeërs 3 Makkabeeërs Messalë (Spreuken 1-24)
Kleilieten Preker Spreuken Job 4 Makkabeeërs Tägsas (Spreuken 25-31)
Ezechiël Heechliet Preker Psalmen (ynkl. Psalm 151) Job Wysheid fan Salomo
Daniël Wysheid fan Salomo Heechliet Gebed fan Manasse Psalmen (ynkl. Psalm 151) Preker
Hoséa Jezus Sirach Wysheid fan Salomo Spreuken Gebed fan Manasse Heechliet
Joël Jesaja Jezus Sirach Preker Spreuken Jesaja
Amos Jeremia Jesaja Heechliet Preker Jeremia (ynkl. Kleilieten,
Brief fan Jeremia, Barûch en 4 Barûch
Obadja Kleilieten Jeremia Wysheid fan Salomo Heechliet Ezechiël
Jona Barûch
(ynkl. Brief fan Jeremia)
Kleilieten Jezus Sirach Wysheid fan Salomo Daniël (ynkl. Azarja,
Suzanne en Bel en de Draak)
Micha Ezechiël Barûch Jesaja Jezus Sirach Hoséa
Nahum Daniël (ynkl. Azarja,
Suzanne en Bel en de Draak)
Brief fan Jeremia Jeremia Jesaja Amos
Habakuk Hoséa Ezechiël Kleilieten Jeremia Micha
Sefanja Joël Daniël (ynkl. Azarja,
Suzanne en Bel en de Draak)
Barûch Kleilieten Joël
Haggai Amos Hoséa Brief fan Jeremia Barûch Obadja
Sacharja Obadja Joël Ezechiël Brief fan Jeremia Jona
Maleächy Jona Amos Daniël (ynkl. Azarja,
Suzanne en Bel en de Draak)
Ezechiël Nahum
Micha Obadja Hoséa Daniël (ynkl. Azarja,
Suzanne en Bel en de Draak)
Habakuk
Nahum Jona Joël Hoséa Sefanja
Habakuk Micha Amos Joël Haggai
Sefanja Nahum Obadja Amos Sacharja
Haggai Habakuk Jona Obadja Maleächy
Sacharja Sefanja Micha Jona Jezus Sirach
Maleächy Haggai Nahum Micha Josippon
Sacharja Habakuk Nahum
Maleächy Sefanja Habakuk
Haggai Sefanja
Sacharja Haggai
Maleächy Sacharja
Maleächy

Ynterpretaasje fan it Alde Testamint [bewurkje seksje]

De kristenen neame it earste part fan de Bibel it Alde Testamint om't it neffens harren ferwizings befettet dy't nei de komst fan harren ferlosser Jezus Kristus ferwize soene en om't it oan it Nije Testamint foarôfgiet. Yn it Nije Testamint wurde dêrom foar it Alde Testamint ek de nammen "Earste Ferbûn" of "Earste Testamint" brûkt, mar dy nammen slane mear op it ferbûn dat yn it Alde Testamint beskreaun wurdt as op 'e Aldtestamintyske boeken sels.

Fryske oersetting [bewurkje seksje]

De earste Fryske oersettings út it Alde Testamint betroffen fragmintaryske passaazjes yn Aldfryske rjochtsteksten út 'e Midsieuwen, de âldste út 'e trettjinde ieu en benammentlik fan Exodus 20:1-17 (de Tsien Geboaden). Dêrnei waard yn 'e njoggentjinde ieu úteinsetten mei fragmintaryske oersettings út 'e rest fan it Alde Testamint, wylst om 1900 hinne ferskate âldtestamintyske bibelboeken yn har gehiel ferfryske waarden (Joël, Ruth, Jona). It hiele Frysktalige Alde Testamint kaam út yn 1943, wat de bibeloersetting fan dû. Geart Aeilco Wumkes en Eeltsje Boates Folkertsma folslein makke (it Nije Testamint wie yn 1933 al útkommen). Fan 1966 ôf waard der wurke oan in totaal nije bibeloersetting, dy't yn 1978 ferskynde as de Nije Fryske Bibeloersetting. Dy is noch altiten yn gebrûk, yn 'e foarm fan 'e trêde, ferbettere druk fan 1995.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Old Testament fan Wikimedia Commons.

Boarnen, noaten en referinsjes [bewurkje seksje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • It Alde Testamint (oers. G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma), Haarlim, 1943, sûnder ISBN.
  • Bibel (oers. G.A. Wumkes en E.B. Folkertsma), Haarlim, 1943, sûnder ISBN.
  • Bibel (Nije Fryske Bibeloersetting), Haarlim/Bokstel, 1978 (Nederlands Bijbelgenootschap/Katholieke Bijbelstichting), ISBN 9 06 12 60 817.
Bibel (neffens de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978)
Alde Testamint
Genesis | Exodus | Leviticus | Numeri | Deuteronomium | Jozua | Rjochters | Ruth | 1 Samuël | 2 Samuël | 1 Keningen | 2 Keningen | 1 Kroniken | 2 Kroniken | Ezra | Nehemia | Ester | Job | Psalmen | Spreuken | Preker | Heechliet | Jesaja | Jeremia | Kleilieten | Ezechiël | Daniël | Hoséa | Joël | Amos | Obadja | Jona | Micha | Nahum | Habakuk | Sefanja | Haggai | Sacharja | Maleächy
Deuterokanonike of Apokrife Boeken (taheakke oan it Alde Testamint)
Judit | Wysheid fan Salomo | Tobit | Jezus Sirach | Barûch | Brief fan Jeremia | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | Ester (Gryksk) | Taheakken op it Boek Daniël (AzarjaSuzanneBel en de Draak)
Nije Testamint
Mattéus | Markus | Lukas | Jehannes | Hannelingen | Romeinen | 1 Korintiërs | 2 Korintiërs | Galatiërs | Efeziërs | Filippiërs | Kolossers | 1 Tessalonikers | 2 Tessalonikers | 1 Timóteüs | 2 Timóteüs | Titus | Filémon | Hebreeërs | Jakobus | 1 Petrus | 2 Petrus | 1 Jehannes | 2 Jehannes | 3 Jehannes |
Judas | Iepenbiering
Apokrife teksten besibbe oan de Bibel
Apokrife boeken besibbe oan it Alde Testamint
1 Barûch | 2 Barûch | 3 Barûch | 4 Barûch | Taheakken op it Boek Daniël (AzarjaSuzanneBel en de Draak) | Ester (Gryksk) | Ezra (Gryksk) | Ezra (Latyn) | Fizioen fan Ezra | Fragen fan Ezra | Grykske Iepenbiering fan Ezra | 1 Henoch | 2 Henoch | 3 Henoch | Brief fan Jeremia | Jezus Sirach | Jubileeërs |
Judit | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | 3 Makkabeeërs | 4 Makkabeeërs | 5 Makkabeeërs | Gebed fan Manasse | Noäch | Oaden | Psalm 151 | Psalmen 152-155 | Psalmen fan Salomo | Wysheid fan Salomo | Tobit
Apokrife boeken besibbe oan it Nije Testamint
Brief fan Barnabas | Diatessaron | Evangeelje fan Bartoloméus | Evangeelje fan de Ebioniten | Gryksk Evangeelje fan de Egyptners | Koptysk Evangeelje fan de Egyptners | Evangeelje fan Filippus | Evangeelje fan de Hebreeërs | Evangeelje fan Jakobus | Evangeelje fan Judas | Evangeelje fan Marsion | Evangeelje fan Marije Magdalena | Evangeelje fan de Nazareners | Evangeelje fan Petrus | Evangeelje fan Tomas | Evangeelje fan de Wierheid | Hannelingen fan Barnabas | Hannelingen fan Jehannes | Hannelingen fan Paulus | Hannelingen fan Petrus | Hannelingen fan Pilatus | Hannelingen fan Timóteüs | Hannelingen fan Tomas | De Hoeder fan Hermas | Iepenbiering fan Paulus | Iepenbiering fan Petrus | Iepenbiering fan Tomas | 1 Klemins | 2 Klemins | 3 Korintiërs | Nepos | Underrjocht