Sarkofaach

Ut Wikipedy

Gean nei: navigaasje, sykje

In sarkofaach is in stiennen deakiste. Yn Fryslân binne noch 28 út ien stik (meast bûnt- ) sânstien hakte deakisten fûn, benammen yn de Sânwâlden. Hjirfan binne 7 saneamde bernekisten, mooglik net as deakiste brûkt. Bûten Fryslân binne 38 sarkofagen registrearre.

It bûnte sânstien komt út de Fogezen, Maingebiet, de omkriten fan Trier en wierskynlik fan by de Boppewezer. De kisten kamen meastentiids oer de Ryn, Isel en Sudersee nei Fryslân. Dy fan giel Bentheimer sânstien oer de Fecht en Sudersee. De foarm wiist op houten foarbylden. De âldste kisten binne net fersierd, letter yn de 'gefrijnde' binnenwanden ienfâldige ornaminten. In soad lidden, ek stikken der fan, binne fûn: net fersierd mei geometrysk ornamint, mei kristlike symboalen en mei minsklike figuer. De kiste lei oriïntearre yn de grûn, it lid, teffens sark, egaal mei de oerflakte. Ut fynsten op begraafplakken blykt dat se faker as ien kear brûkt waarden. De skedels fan eardere skeletten leinen dan yn de kiste en de oare bonken derneist.

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok en M. Wiegersma, red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Sarcofaag.
Aspekten/aksjes
Persoanlike ynstellings