Trier

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Posysje yn Rynlân-Palts
Noardkant fan de Porta Nigra
Dom fan Trier
Basilica fan Konstantyn
Romeinske brêge
Amfiteater Trier
De Grutte Merk
Kaisertermen
Abdij Sint Matthias

Trier (Frânsk: Trèves, Latyn: Augusta Treverorum) is de âldste stêd fan Dútslân. Stedsdistrikt (kreisfreie Stadt) Trier leit op de rjochterouwer fan de Moezel en hat sa'n 105.000 ynwenners.

De opdracht ta de bou fan de stêd waard jûn troch de Romeinse keizer Augustus yn 16 f.Kr.. De stêd hiet yn it earstoan Augusta Treverorum en wie bedoeld as haadstêd fan de Romeinske provinsje Belgica Prima. In skoftlang wie Trier de haadstêd fan it hiele West-Romeinske Ryk.

In bekend histoarysk monumint yn de stêd is de 2e-ieuske Porta Nigra, de bêst bewarre Romeinske stedspoarte benoarden de Alpen. Der binne noch ferskate oare monuminten út de Romeinske tiid, bygelyks de Kaisertermen, de Barbaratermen en it amfiteater. Ek út lettere perioades hat Trier in soad fraaie monuminten, wêrûnder de bekende 11e- oant 18e-ieuske Dom wêrfan de bou al yn de 4e ieu begûn, en in soad oare tsjerken. Troch har rike ferline har moaie lizzing yn it Moezeldal is Trier in drok toeristeplak wurden.

Trier is in sintrum fan wynhannel en hat in wichtige funksje as winkelsintrum foar in grutte regio. Trier is ek bekend as berteplak fan Karl Marx. Syn bertehûs is no ynrjochte as museum: it Karl Marx-hûs.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Op it “Rote Haus” oan de Grutte Merk fan Trier sit de ynskripsje: “Ante Romam Treveris Stetit Annis Mille Trecentis” (Foar Rome bestie Trier al trettjinhûndert jier). Dit is sûnder mis in myte dy't yn de Midsieuwen ûntstien is, maar dochs…. Yn it dal fan de Moezel bestienen al 3000 jaar f.Kr. minskilke delsettings en Trier kin mei rjocht ien fan de âldste stêden benoarden de Alpen neamd wurde.

Fan 27 f.- oant 14 nei Kr. wie Augustus keizer fan it Romeinske Ryk. Omtrint 16 f.Kr. waard troch de Romeinen in de buert fan it Keltyske stamhillichdom Treviren de delsetting Augusta Treverorum stifte. Oan de ein fan de 3e ieu ferhefte keizer Diokletianus de stêd, dy't wyls Treveris neamd waard ta Romeinske keizerlike residinsje en ta haadstêd fan it westlike diel fan it Romeinske ryk. De stêd krige de bynamme “Roma Secunda”, it twadde Rome.
Ek oan de ein fan de 3e ieu ûntwikkele him dêr in sintrum fan it iere kristendom.

Yn de 5e ieu waard Trier troch de Franken ferovere. Yn 870 komt it by it Eastfrankysk-Dútse Ryk.
Yn 958 waard mei it setten fan it merkkrús de hjoeddeiske Grutte Merk (Hauptmarkt) it sintrum fan de midsieuske stêd.
Yn de 14e ieu waarden de Trierske aartsbiskoppen ek karfoarst. Trier waard de haadstêd fan it karfoarstendom, ek Kar-Trier neamd, oant ± 1800. Trier kaam koarte tiid yn Frânske hannen, mar yn 1815 waard it wer Dútsk en kaam it by Prusen.

It besjen wurdich[bewurkje seksje | edit source]

De Grutte Merk[bewurkje seksje | edit source]

De Grutte Merk (Hauptmarkt) fan Trier heart ta de moaiste stedspleinen (innerstädtische Plätze) fan Dútslân. Op het plein stiet it Merkkrús, dat stammet út 958, en dat it symboal wie fan in krijen fan merkrjochten. Oan it plein stean skitterjende pânen yn ferskate stilen. It gehiel wurdt dominearre troch de St. Gangolftsjerke (wijd yn 1459).

Basilyk fan Konstantyn[bewurkje seksje | edit source]

De basilica, of sa't se eartiids neamd waard de Aula Palatina, is in út bakstien oplutsen gebou, dat nei alle gedachten om 310 hinne boud is yn de regearperioade fan Konstantyn de Grutte. It wie in kroanseal fan it paleis fan Konstantyn.

De St. Petersdom[bewurkje seksje | edit source]

De Dom van Trier is boud troch de Romeinske keizer Konstantyn (306 -337), dy't yn 326 begûn mei de bou derfan.

Amfiteater Trier[bewurkje seksje | edit source]

In Trier is in Romeinsk amfiteater. It is om it jier 100 hinne boud tsjin de helling fan de Petrisberch. De arena hie sa'n 20.000 sitplakken. It kompleks is omjûn troch in ferdigeningsmuorre. De grutte iepenings wienen bedoeld om de koaien mei bisten trochlitte te kinnen. Yn de kelder ûnder de arena sieten des ellen foar de ta dea feroardielde finzenen en de bistehokken. De finzenen waarden yn de arena fuorre oan de earst úthongere wylde bisten. De kelder is op't heden (2008) te besjen. Yn de arena sels wurde simmerdeis iepenloftfoarstelings jûn. It amfiteater stiet op de Wrâlderfgoedlist fan de UNESCO.

Porta Nigra[bewurkje seksje | edit source]

Porta Nigra is in poarte yn de Romeinske stedsmuorre fan Trier. De Porta Nigra is makke fan sânstien dat yn de rin fan de ieuwen, ûnder ynfloed fan it waar ferkleure. Fandêr de namme : Porta ( poarte ) Nigra ( swart ).

Berne yn Trier[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Wikimedia Commons Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Trier en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten.
 
Rynlân-Palts
Flagge fan Rynlân-Palts
Regierungsbezirke

Koblenz - Trier - Rynhessen-Palts

Landkreise
Ahrweiler - Altenkirchen - Alzey-Worms - Bad Dürkheim - Bad Kreuznach - Bernkastel-Wittlich - Birkenfeld - Cochem-Zell - Donnersbergkreis - Eifelkreis Bitburg-Prüm - Germersheim - Kaiserslautern - Kusel - Mainz-Bingen - Mayen-Koblenz - Neuwied - Rhein-Hunsrück - Rhein-Lahn - Rhein-Pfalz-Kreis - Südliche Weinstraße - Südwestpfalz - Trier-Saarburg - Vulkaneifel - Westerwaldkreis

Kreisfreie Städte
Frankenthal - Kaiserslautern - Koblenz - Landau - Ludwigshafen - Mainz - Neustadt (Weinstraße) - Pirmasens - Speyer - Trier - Worms - Zweibrücken