Konstantyn de Grutte

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Konstantyn de Grutte

Flavius Valerius Constantinus (Naissus, hjoeddeiske namme Niš (Servje), 27 febrewaris 272? - 22 maaie 337), better bekend as Konstantyn de Grutte, wie in Romeinske keizer. Hy neamde himsels fan july 306 ôf keizer, mar waard earst yn 308 as keizer erkend. Fan 324 ôf hearske er allinnich oer it hiele Romeinske Ryk, mei it ferstjerren fan Konstantyn yn it jier 337 kaam der in ein oan syn bewâld.

Konstantyn is fral bekend wurden as de earste Romeinske keizer dy't him útsprutsen hawwe soe foar it Kristendom, want troch it ûndertekenjen fan it edikt fan Milaan yn it jier 313 makke hy foar altyd in ein oan de Kristenferfolgingen yn it Romeinske Ryk. Syn grutste died wie de stifting fan in nije haadstêd foar it ryk, op it plak fan de eardere Grykske stêd Byzantium, dy't hy de namme "Nova Roma" (Nij Rome) joech. De stêd krige letter de namme Konstantinopel, weromgripend nei en ôflaat fan de namme fan syn stifter.

It taheaksel "de Grutte" efter syn namme waard him jûn foar syn grutte bydragen oan it Kristendom.

Opkomst[bewurkje seksje | edit source]

Konstantyn wie de soan fan Konstantius Klorus en Helena. Tegearre mei Maksentius, de soan fan Maksimianus waard hy grut brocht oan it hof fan keizer Diokletianus yn Nikomedia. Harren opfieding wie yn hannen fan Laktantius, in learaar Latynsk (en letter bekend as kristlik skriuwer). Hy waard as militêr oplaat en die mei oan inkele fjildtochten yn it easten.

Yn 305 as syn heit ta keizer fan it westen ynwijd is giet er mei him op fjildtocht yn Skotlân tsjin de Pikten. Syn heit stoar lykwols yn Eburacum (York) yn 306 en de oare keizer Galerius bepaalde dat Konstantyn him opfolgje soe, mar earst as Caesar en pas letter as Augustus (keizer). Nei 308 luts hy op tsjin de Allemannen en de Franken dy't it gebiet efter de Ryn ûnfeilich makken. As keizer wie hy ferantwurdlik foar de provinsjes Galje, Brittanje en Hispanje.

Op 28 oktober 312 fersloech hy Maksentius by Rome, dy't de macht yn Itaalje grepen hie. Letter waard der sein dat hy by dizze oerwinning in godstsjinstige ûnderfining hie, wêrby't hy in krús seach en in stimme sizzen hearde: In hoc signo vinces (mei dit teken silsto oerwinne). Lisinius yn it easten soarge derfoar dat Maksiminus ferslein waard en troude mei Konstantyn syn suster yn 313. Dêrby kamen sy oerien de ferfolgings tsjin de kristenen stop te setten. Dat waard ôfkundige yn it Edikt fan Milaan. Mar al gauris waarden de twa bûnsmaten fijannen fan inoar wurden en yn 316 strieden sy om de hearskippij fan de Balkan. Lang om let fersloech Konstantyn syn mei-keizer yn 324 by Adrianopel.

Dêrnei koe de keizer him wije oan it fierder werorganisearjen fan it ryk dêr't keizer Diokletianus al in begjin mei makke hie, alhoewol't hy, yn tsjinstelling mei syn foargonger, it kristendom net besocht te ferneatigjen mar him lang om let sels bekeare liet. Hy rekkene wol foargoed ôf mei de Praetorjaanske garde, dy't syn foargonger Maksentius stipe hie.

westen easten
Perioade Augustus Caesar Augustus Caesar
293-305 Maksimianus Konstantius Klorus Diokletianus Galerius
305-306 Konstantius Klorus Severus Galerius Maksiminus Daia
306-307 Severus Konstantyn
307/308-310 Lisinius
310*-311 **
311-313
313-324 Konstantyn Lisinius
324-337 Konstantyn
* Fan no ôf binne der fjouwer Augusti.
** Galerius' gebiet waard ferparte ûnder Lisinius en Maksiminus Daia.

Kristendom[bewurkje seksje | edit source]

As keizer befoardere hy de útwreiding fan it kristendom, mar hy hâlde ek fêst oan in soad heidenske gebrûken. Yn 313 feardige Konstantyn it edikt fan Milaan út. Hy joech mei dizze feroardering de kristenen frijheid fan godstsjinst. Konstantyn liet in protte tsjerken bouwe en yn 321 stelde hy de snein yn as rêstdei foar it hiele ryk. Foar de tsjerke joech dit net allinnich foardielen, mar ek neidielen, want de keizer gong him hieltiten mear bemuoien mei de tsjerke. Op syn inisjatyf waarden de konsyljes fan Arles yn 314 en Nicaea yn 325 gearroppen en stelde hy biskoppen oan of ôf mar krekt hoe't syn sin wie. Tagelyk stifte hy inkele tsjerken, wêrûnder de Sint-Pitersbasilyk yn Rome en de Hillige Grêftsjerke yn Jeruzalem.

It maatskiplik libben ûnderie ûnder it regear fan Konstantyn de Grutte mar foar in part de ynfloed fan it kristendom. Ek de keizer sels koe net fan de iene op de oare dei feroarje fan in heiden yn in kristen. Syn mem Helena fitere him dêrta wol oan. Troch har bemuoienis waarden der in soad tsjerken stifte en pylgerstochten hâlden. Ek it earjen fan relikwyen kaam dêrmei op gong. De ûntwikkeling fan it heidendom ta it kristendom gong lykwols net hurd mar stadichoan. Dat die bliken út it feit dat neist de krústekens op munten hieltyd noch ûnoerwinlike tekens fan de sinne en de oarlochsgod Mars brûkt waarden. Pas op syn stjerbêd liet Konstantyn him dope; dit wie karakteristyk foar syn wifeljende hâlding tsjinoer de godstsjinst. Konstantyn waard lykwols as hillige beskôge en syn feestdei is op de 21 maaie. Iroanysk genôch waard hy nei syn dea as in god oanbean troch de Romeinske senaat, it wie ommers de gewoante om goede keizers te earen.

Konstantinopel[bewurkje seksje | edit source]

It Romeinske Ryk yn 337

Miskien wol syn grutste died wie de stifting fan in nije haadstêd foar it ryk, op it plak wêr't earder de Grykske stêd Byzantium lei. Hy joech dizze stêd de namme Nova Roma (Nij Rome). De stêd waard al gauris Konstantinopel neamd, nei syn stifter. Konstantinopel lei strategysk op in krúspunt fan wegen sawol op it lân as yn de see. De nije haadstêd lei ek tichter by it ekonomyske swiertepunt fan it ryk en wie in ein fuort fan it âlde Rome. Konstantyn lei mei de stifting fan Konstantinopel de grûnslach foar de kristlike faze fan it Romeinske Ryk dat harren dêrnei ûntwikkelje soe ta it Byzantynske Ryk.

Opfolging[bewurkje seksje | edit source]

Konstantyn hie in opfolgingsprobleem omdat hy fjouwer soannen hie, dêr't de âldste fan, Krispus, in oare mem hie as de oare trije. Krispus waard op fertinking fan troubrek mei syn styfmem om hals brocht. De oare trije, Konstantyn II, Konstantius II en Konstans I soenen tegearre syn opfolgers wurde. Lykas Konstantyn hjir al noed oer hie, liede dit ta in soad striid tusken de bruorren.

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Literatuer:

  • Bart Kok, Constantijn de Grote, 2011

Keppeling om utens:

Wikimedia Commons Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Gaius Flavius Valerius Constantinus en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten.
Symbol support vote.svg