Galearius

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Galerius")
Gean nei: navigaasje, sykje
Munt fan Galearius

Galearius, folút Gajus Galearius Falearius Maksimianus (Latyn: Gaius Galerius Valerius Maximianus; ±250 - maaie 311), wie Romeinske keizer fan van 1 maaie 305 oant maaie 311.

Jonge jierren[bewurkje seksje | edit source]

Galearius wie fan boerekomôf en kaam út Illyrikum. Syn krekte bertedatum is net bekend, mar wurdt skatten op om-ende-by 250, omdat er er al ûnder Aurelianus tsjinne yn it leger. As jongfeint wie Galearius skieppehoeder, krektas syn heit. Hy gong yn it leger en wie soldaat. Fan syn eardere libben foardat er beneamd wurdt ta Caesar is fierders neat bekend. Op 1 maart 293 wurdt er troch Diokletianus ta Caesar beneamd. Hy ferlit syn frou en trout op 'e nij mei Faleria, de dochter fan Diokletianus.

As Caesar fiert Galearius in oantal krigen. Yn 294 fjochtet er yn Egypte, en yn de jierren dernei tsjin de Perzen. Hy slagge deryn har kening Narses in neidielige frede op te lizzen, de Frede fan Nisibis (297). Yn 303 hawwe der yn it Romeinske ryk in soad kristenenferfolgings west dy't nei alle gedachten troch Galearius ynset waarden.

Keizerskip[bewurkje seksje | edit source]

Op 1 maaie 305 geane keizer Diokletianus en meikeizer Maksimianus ôf en wurdt Diokletianus opfolge troch Galearius en Maksimianus troch Konstantius Klorus. De nije Caesar fan Galearius wurdt syn neef Maksiminus II Daia (in soan fan in suster fan Galearius), en in goede freon fan Galearius Severus II wurdt yn it westen Caesar.

Al gau ûntsteane der problemen yn it ryk as yn 306 Konstantius Kloarus komt te stjerren by in fjildtocht tsjin de Pikten yn Brittanje. De opfolging rint folslein oars as de keizers earder ôfpraat hiene as it leger de soan fan Konstantius, Konstantyn de Grutte fuort as keizer ferklearret. Galearius lit dat net samar gewurde en beneamt Severus as keizer yn it westen. Om de boel del te bêdzjen nimt Konstantyn genoegen mei it Caesarskip.

De hiele situaasje wurdt noch yngewikkelder as yn oktober dat jier ek de soan fan de eardere keizer Maksimianus, Maksentius him yllegaal ta keizer ferklearje lit yn de haadstêd Rome. Galearius beweecht Severus der mei in leger op ôf te gean, mar dy syn leger wurdt lykwols troch Maksentius omkocht. Severus naait út en wurdt letter dea makke. Galearius besiket syn dea te wreken, mar dat plan mislearet.

Yn 308 wurdt besletten dat Severus opfolge wurde sil troch Lisinius, in oare freon fan Galearius. Ek Konstantyn en Maksiminus Daia wurde no ta keizer makke. De eardere keizer Maksimianus, dy't op in twadde legitime termyn hope hie, krige dizze net.

Dêrnei docht Galearius it 'rêstich oan'. Hy komt yn maaie 311 op natuerlike wize oan syn ein. Maksiminus II Daia folge him op as keizer yn it easten.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]