260

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Ieuwen: 3e f. Kr. -- 2e f. Kr. -- 1e f. Kr. -- 1e -- 2e -- 3e ieu -- 4e -- 5e -- 6e -- 7e -- 8e
Jierren: 255 - 256 - 257 - 258 - 259 - 260 - 261 - 262 - 263 - 264 - 265


Foarfallen[bewurkje seksje | edit source]

Falerianus I
  • Keizer Falerianus I wurdt by Edessa ferslein, finzen nomd en deamakke troch Sjapur I fan Perzje. Dizze wol de keizer op sette litte om him yn syn haadstêd tentoan te stellen.
  • Gallienus is net by steat syn heit te helpen en is fann dit jier ôf de ienige Keizer fan Rome.
  • Postumus krijt spul mei de kroanprins, Saloninus en dy syn fâd Silvanus. Hy belegert harren yn Keulen, nimt harren finzen en lit se deameitsje. De troepen fan Gallia, Britannia en Hispania roppe Postumus ta (tsjin-)keizer út. Dizze skuorring sil oant 274 duorje.
  • De stêd Glanum (Provinsja Narbonensis) wurdt ferwoaste troch de Alemannen.
  • De Romeinen ferlieze om dizze tiid hinne definityf it gebiet Agri Decumates oan de Alemannen.
  • It Perzyske leger wurdt by Sisylje troch de praefectus Kallistus ferslein.
  • Septimius Odaenathus, kening fan Palmyra, nimt it op foar de Romeinen en falt it Perzyske leger ûnder Sjapur I opnij oan, ferdriuwt it út Romeinsk gebiet en werovert Mesopotaamje foar Rome.
  • Gallienus furdigt in edikt fan tolerânsje foar it kristendom út. Der brekt in tiidrek fan hast algehiele tolerânsje oan foar it kristendom dat oant 302 duorje sil. De tsjerke sil yn dizze tiid útgroeie ta in machtsfaktor fan belang.

Berne[bewurkje seksje | edit source]

Ferstoarn[bewurkje seksje | edit source]


Jierren: 255 - 256 - 257 - 258 - 259 - 260 - 261 - 262 - 263 - 264 - 265


Ieuwen: 3e f. Kr. -- 2e f. Kr. -- 1e f. Kr. -- 1e -- 2e -- 3e ieu -- 4e -- 5e -- 6e -- 7e -- 8e