Jeruzalim

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan "Jeruzalem")
Gean nei: navigaasje, sykje
Jeruzalem
Jerusalem infobox image.JPG
Sifers
Ynwennertal 933 113 (2012)
Oerflak metropool 652 km²
Befolkingstichtens 6.183 km²
Stêdekloft 1.700.000
Hichte 630 m
Polityk
Lân Israel
regio Île-de-Israel
Boargemaster Nir Barkat
Oar
Webside jerusalem.muni.il (in)


Wapen fan Jeruzalem
Jerusalem Entrance Bridge.JPG

Jeruzalem (Hebrieusk: ירושלים Jeroesjalajim, Arabysk: القدس al-Qoeds), is de haadstêd fan de tsjintwurdige steat Israel en is al tsientallen ieuwen âld.

Yn de Bibel komt de namme it earst foar yn it boek Jozua; as de earste Israelyske kening David de stêd oermasteret op de Jebusiten en er syn troan fêstiget. Syn opfolger Salomon lit er de timpel bouwe.

Nei de ferwoasting troch de Romeinen yn it jier 70 krige de stêd in oare namme, mar bleau lykwols yn de tinzen hingjen fan de Joaden dy't oer de wrâld ferspraat wienen en hopen ris in kear werom te kommen. Troch de Romeinen waard ek de timpel ferwoaste. It iene dat der fan stean bleau wie in part fan de Westlike muorre, dat no bekend stiet as de Kleimuorre.

Yn 614 waard de stêd opnij ferwoaste, diskear troch de Perzen en yn 637 kaam de stêd ûnder Islamitysk bewâld. Yn it Arabysk is de stêd bekend as Al-Quds. De krúsfarders feroveren yn 1099 de stêd en rjochten in ferskuorrende moarderij oan ûnder de Joaden en Moslims dy't dêr wennen. Tusken 1517 en 1917 wie de stêd part fan it Osmaanske Ryk, dêr't de Britten nei de stêd besetten.

Yn 1948, by de stifting fan Israel, waard Jeruzalem (alteast it nije part dêrfan) ta haadstêd makke fan de nije steat en foege de Alde stêd deroan ta nei de Seisdeiske Oarloch yn 1967, dy't derfoar yn hannen wie fan Jordaanje. Dizze anneksaasje is lykwols ynternasjonaal net erkend en noch hieltyd swier omstriden omdat it yn striid is mei resolúsje 242 fan de feilichheidsried.


Panorámica de Jerusalén desde el Monte de los Olivos.jpg

Keppeling om utens[bewurkje seksje]

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Jeruzalim fan Wikimedia Commons.