Rie
|
|||||
| Gemeente | Frjentsjerteradiel | ||||
| Ynwennertal (2003) | 458 | ||||
| Webstee | Webstee fan Rie | ||||
Rie (Nederlânsk: Ried) is in doarp yn de gemeente Frjentsjerteradiel, noardeast fan Frjentsjer oan de Rie. It doarp hat 458 ynwenners (31 desimber 2003).
Al yn de19e ieu en yn it begjin fan de tweintichsteieu ûntstie der lintbebouwing oan de (nije) Doanjumerwei, de Berltsumerwei, de Sânhústerwei en de Pastorijeleane. De bebouwing is foaral by de wegen lâns, Doanjumerwei – Kleasterdyk pleatst mei inkele notabele wenningen, wêrfan ien in dekoratyf koetshûs hat en mei in pear filla’s yn fernijende styl fan koart nei 1900. Ek oan de dyk nei it suden nei Peins is bebouwing kommen. Pas letter is de Nieuweweg nei it noarden mei foaral wenningwetwenningen beboud rekke. Flakby de tsjerke stiet yn de buorren it eardere molkfabryk, wêrfan it front it karakter fan de fernijende styl hat en it jiertal Anno 1909 draacht. It romme tsjerkhou is mei de súdkant nei de dyk rjochte en omseame troch in boekehage mei ipen. Der steane wat húskes omhinne, wêrtroch amper te sjen is dat se op in terp lizze. Rie hat mar ien winkel, in bakker. Foar oare boadskippen moatte de ynwenners nei Berltsum, Menaam of Frjentsjer.
Yn jachthaven It Kattegat is in oanlisplak foar passanten. Dit leit teffens oan de Alvestêderûte tusken Frjentsjer en Dokkum.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Mienskip
Yn de âlde skoalle sit multyfunksjoneel sintrum, "De Rede" en ferwiist nei de âlde slinke fan de Middelsee, De Ried. It doarpskrantsje hjit It Kattebeltsje.
[bewurkje seksje] Ferienings
- Klaas Mug - keatsen
- Lyts Begjin - muzyk
[bewurkje seksje] Riedertreffen
Yn Europa binne 243 plakken mei de namme "Ried". Yn 2009 waard, yn it lêste wykein fan augustus it fjirde Riedertreffen hâlden. It earste treffen wie yn 1985 doe't de boargemaster fan it Switserske 'Ried bei Kerzers' hearde oer it bestean fan it Fryske Ried. Yn oerlis waard doe besletten om as alle Rieders yn Europa ris gear te kommen. De Fryske ynbring bestie dy earste kear út in Fryske skotsploech. Der waard in spesjaal Riederliet komponearre en ekskurzjes makke yn de omjouwing. Letter wienen der noch Rierdertreffens yn 1999 en 2004.
[bewurkje seksje] Befolking
[bewurkje seksje] Strjitten
Achterwei, Anemareed, Berltsumerwei, Doanjumerwei, Haadstrjitte, Havenstrjitte, Legewei, Nijewei, Pastorieleane, Peinserwei, Dr Vitus Ringersstrjitte, De Rombade, Sânhústerwei, Suderom, Tsjerkepaad.
[bewurkje seksje] Sjoch ek
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |