Spannum
|
|||||
| Gemeente | Littenseradiel | ||||
| Ynwennertal (2005) | 240 | ||||
| Webstee | Webstee Doarpsbelang Spannum-Iens | ||||
Spannum is in doarp yn de gemeente Littenseradiel, noard fan Wommels. It doarp hat likernôch 240 ynwenners (2004). Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984, makke Spannum diel út fan de gemeente Hinnaarderadiel.
Yn eardere ieuwen wie it allinne mar oer de fearten of troch it lân te berikken. Pas fier yn de 19e ieu kaam der in ferbiningsdyk en dêroan kaam dêrnei de nijbou ta stân en krige it doarp dat lange karakter. Oan dy dyk steane aardich wat grutte en lytse karakteristike doarpswenningen. De hiemgrinzen besteane út hagen en stekken.
Nei 1332 wie hjir in úthôf fan it grutte Kleaster Lidlum by Easterbierrum en fan 1878 oant 1905 op inisjatyf fan de predikant in famkesskoalle mei ynternaat, as in modern kleaster. De skoalle is dêrnei sloopt, de wenning as boargemasterswenning ferboud.
De âlde, smelle tsjerke is sterk fernijd; allinne de noardmuorre lit noch âld bakstienmateriaal út de goatyske tiid sjen. Oan dy kant steane twa mânske trijehoekige bearen en is yn 1910 in paviljoentsje foar de sintrale ferwaarming tsjin de tsjerke boud. De foarse let-goatyske toer, even minder breed as de tsjerke en trije fjilden heech, is fersierd mei djippe nissen fan wikseljende foarm. Hy wurdt bekroand troch in sealdak en jildt as ien fan de fraaiste sealdaktuorren fan Fryslân.
De Lange Daam is de iennichste ûntsluting fan it doarp oant fier yn de 19e ieu en rint hast rjocht fan noard nei súd mei it doarp yn it midden. Oan de súdkant rint er út yn de Boalserter Feart en oan de noardkant komt er fia in lyts stikje Aldmear út yn de Frjentsjerter Feart. Der wie dus ferbining mei de drokste farwetters fan noardwest Fryslân.
Troch de rêst en it sicht op de tsjerke mei sealdaktoer út de 17e ieu, it authentike skoalgebou en it skoalmasterhûs dogge tinken oan eardere tiden. It wie, yn de jierren 1840 oant 1855, it wenplak fan de bekende Fryske folksskriuwer Waling Dykstra. Oare monumintale pânen binne: de âlde kostskoalle (1878), de eardere naaiskoalle (1913), de Herfoarme Pastorije en in kreaze kop-hals-romppleats út de 19e ieu.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Mienskip
Spannum hat mei Iens ien feriening foar Doarpsbelang en Folksfeesten dy't gearkomsten hat yn Us Gebou. Oan de Tsjerkebuorren stiet skoalle De Tarissing mei pjutteboartersplak De Pikestjelp. Om de fjirtjin dagen is der âldereinsoas yn Us Gebou.
[bewurkje seksje] Ferienings
- De Nijljochters - toanielferiening
- It Griene Lekken - biljerten
- Oranje - muzyk
- Set Troch - keatsen
- kuorbalferiening Spannum - kuorbaljen
- la Cible - jeu de boules
- Mei Nocht yn't Spier - túnkers
- Net te Lêzen - âldereinsoas
[bewurkje seksje] Befolking
[bewurkje seksje] Strjitten
Bonkwerterreed, Felsumerleane, Laakwerterwei, Lytse Buorren, Pôle, Swachlumerleane, Sybrand Roordastrjitte, Tsjerkebuorren, Waling Dykstrastrjitte, Wyniastrjitte.
[bewurkje seksje] Sjoch ek
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
|