Hitsum
Ut Wikipedy
de himrik fan Hitsum
Hitsum is in doarp yn de gemeente Frjentsjerteradiel, súdwest fan Frjentsjer. It doarp hat 236 ynwenners (31 desimber 2003). Yn it doarp is in plaatsje fûn mei runetekens.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Mienskip
Der is in feriening foar Doarpsbelang dy't yn it yn 1999 opknapte doarpshûs gear komt. De VVH (Vereniging voor Volksvermaak Hitzum) organisearret it twadeiske doarpsfeest. Der is in basisskoalle en in Nederlânsk herfoarme tsjerke. Timoteus is in club foar de jongerein. Alle jierren is der bg. in kluswike en in feestjûn. De Sovo is in soas foar (âld)Hitsumers. In soad bûtenaktiviteiten wurde simmerdeis op it keatsjild hâlden. Oer it doarp en syn ynwenners, ferienings en bedriuwen is in film makke: “Wat foar doarp is Hitsum”, ek op DVD.
[bewurkje seksje] Ferienings
- KF Easterein - keatsen. Organisearret ek de Ald-Meiers Partij
- De Griffel - biljerten
- Pûdelûkers - akkordeonleafhawwers
- Meiïnoar Ien - reisferiening
- Set Troch - toaniel
- Wês Klear - iisclub
- Ut ‘e lijte - wynmoleferiening
- Eendracht - keatsferiening. Sûnt 200 wurdt de Ald-Meiers partij foar froulju- en famkeskeatsen ferkeatst.
[bewurkje seksje] Befolking
[bewurkje seksje] Berne yn Hitsum
- Beart Oosterhaven (1956), dichter
[bewurkje seksje] Strjitten
- Achlumerwei - wei nei Achlum
- Binnenpaad -
- Ds Dijkstrawei -
- Feikemastrjitte -
- Frjentsjerterwei - de wei nei Frjentsjer
- Haadwei -
- Jitze Pieter van Dijkstrjitte - Jitze Pieter van Dijk
- Tsjerkebuert -
- Molewei -
- Noarderbuert -
- Alde Wei -
- Westerhitsum - buorskip Westerhitsum