N384
Ut Wikipedy
De provinsjale wei 384 (N384) is in provinsjale wei fan 24,8 km. yn Fryslân. De wei foarmet in ferbining tusken de N393 by Tsjummearum en de N354 by Dearsum. Ten noarden fan Frjentsjer slút de wei oan op de A31 rjochting Harns en Ljouwert.
De wei is útfierd as twastrooks-gebietsûntslutingswei mei bûten de beboude kom in maksimumsnelheid fan 80 km/h. Yn de gemeente Frjentsjerteradiel hjit de wei efterienfolgens Kade, Hegesylsterwei, Tzummarumerwei, Frjentsjerterwei, Boargemaster J Dijkstrawei en Lutje Lollumerwei.
Yn de gemeente Littenseradiel Suderpolderwei en Froonackerdyk. It lytse gedielte yn de gemeente Boarnsterhim hjit Harstawei.