Deinum

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
de himrik fan Deinum

Deinum is in doarp yn de gemeente Menameradiel, 4km west fan Ljouwert oan it Van Harinxmakanaal. It doarp hat likernôch 1.000 ynwenners. It doarp is ûntstien op in terp oan 'e Middelsee dy't no foar it grutste part ôfgroeven is.

Om it doarp rint de ringdyk Sint Janswei dy't eartiids it doarp beskerme tsjin it wetter fan de Middelsee. Oant yn de 19e ieu lei it doarp oan de Harnzer Feart, en der wennen ek noch minsken oer de feart. Mei de komst fan it Van Harinxmakanaal en it spoar waarden de huzen súdeastliker boud, tichter by it stasjon. De terp is noch werom te finen yn it strjittepatroan, mar leit no oan de noardwestkant fan it doarp. Earder hie Deinum in gersdroegerij, in fleisbedriuw en in molkfabryk.

Net fier fan Deinum ôf leit de A 31 fan Ljouwert nei Harns. Deinum hat syn eigen treinstasjon oan it spoar fan Harns nei Ljouwert. Benoarden it doarp leit it Van Harinxmakanaal.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Bouwurken

[bewurkje seksje] Tsjerke

De tsjerke fan Deimum

It âldste gebou fan Deinum is de tsjerke Sint Jan fan Deinum, boud yn 'e 13e ieu. Dat de toer eartiids as fjoertoer brûkt waard, is lykwols net wier. Mei de bou fan dy toer is earst yn 1550 útein set, doe't it Bilt al in heale ieu droech wie, en earst yn 1595 wie it wurk ree. Der is ek in ferske fan 'e tsjerke mei as titel; Yn Deinum stiet in sipel op 'e toer. De sipel is yn 1589 op 'e toer kaam. krekt 400 jier letter, yn de simmer fan 1989, moast de oarspronklike sipel ferfongen wurde troch in nijenien, omdat er oanfretten wie troch de bûnte knjifkrobbe (Xestobium rufovillosum).

[bewurkje seksje] De sipel

De sipel is der wierskynlik op komd om Deinum te ûnderskieden fan oare doarpen. It jierlikse reiske de iisclub, de pleatslike hamburger en sportaktiviteiten brûke de namme Sipel allegear. Troch it Deinumer kabaret is ek in Sipelrap makke. De sipel hat de ynwenners ek harren bynamme fan Sipelgekken jûn.

[bewurkje seksje] Wynmotor

Ten westen fan it doarp stiet Heechhiem, in yn 1936 boude Amerikaanske wynmotor, dy't yn 2002-2004 hielendal restaurearre is.

[bewurkje seksje] Mienskip

It doarp hat in feriening fan Doarpsbelang, dy 't aktiviteiten foar jong en âld organisearret. It doarpskrantsje hjit Klavertrije. It doarp hat ek twa basisskoallen, De Rank en Master Camminga en in pjutteboartersplak, Hummelhonk. De bank is yn 2002 ferdwûn. Sûnt 1985 hat Deinum de “Wurkgroep Deinum Doe en No”, dy't him dwaande hâldt mei de skiednis fan it doarp.

Doe't der yn 2000 in nij stek om de tsjerke komme moast ûntstie de aksje Gek op it stek en it inisjatyf Fjoer op de toer set de toer jûns yn it ljocht.

[bewurkje seksje] Ferienings

  • De Trije Doarpen - keatsen
  • Toulûkferiening
  • Fuotbalferiening Sparta '59
  • It Sipeltsje - iisclub
  • Sport en Spel - gymnastyk, follybal, aerobics en jazzballet
  • Troch de Koer - kuorbal
  • Deinum e.o. - folksdûnsjen
  • Advendo - muzykferiening
  • It Klaverblêd - Frysk Selskip
  • Nocht en Wille - toaniel

[bewurkje seksje] Befolking

[bewurkje seksje] Bekende Deinumer

[bewurkje seksje] Berne yn Deinum

[bewurkje seksje] Strjitten

Aldeleane, Bûterhoeke, De Eker, De Gersdroegerij, De Harke, De Seine, De Strikel, De Swylder, Feytsmahof, Heechhiemsreed, Heechpaad, It Harspit, It Holt, It Swee, Ljochtewei, Marssumerdyk, Mennerdahof, Pypsterhof, Ritsumasyl, Sint Janswei, Sjouke de Zeestrjitte, Skoallestrjitte, Spoarstrjitte, Sportleane, Trekwei, Tsjerkepaad.

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
>

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen