Heechhiem (Deinum)

Ut Wikipedy
Heechhiem yn 2006

Heechhiem is in poldermole by it doarp Deinum yn Menameradiel.

De mûne is yn 1936 boud foar it bemeallen fan de Heechhiemsterpolder en stiet noch gjin kilometer fan Deinum oan de Blessumer Feart, by it Van Harinxmakanaal. De Amerikaanske wynmotor mei achttjin blêden fan it type Record is mealree en hat in flecht fan 4 meter. Heechhiem waard yn 2002-2004 restaurearre yn opdracht fan de Stifting Mûnen yn Menameradiel, dy de mûne yn eigendom hat. De wynmotor is op ôfspraak te besichtigjen.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]