Hjerbeam
Hjerbeam is in doarp yn de gemeente Frjentsjerteradiel, west fan Frjentsjer. It doarp hat 294 ynwenners (31 desimber 2003).
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Tsjerke
De tsjerke komt út de Midsieuwen, nei alle gedachten út de twadde helte fan de 13e ieu. It gebou is, op de noardmuorre nei, yn 1872 fernijd, ûnder begelieding fan arsjitekt P.J. Jaarsma. De noardmuorre bestiet gruttendiels út giele kleastermoppen, hjir en dêr reparearre en oanfold mei lytse giele Fryske trijeling-stientsjes. De toer is wierskynlik yn de tweintiger jierren fan de 20e ieu op de westgevel boud en hat in ynsnuorre, achtkantige spits, mei laaien dutsen.
[bewurkje seksje] Mienskip
It Doarpshûs fan Hjerbeam hjit De Punt.
[bewurkje seksje] Ferienings
- Us Twadde Libben - toanielferiening
[bewurkje seksje] Bekende ynwenners
- Sicco van Goslinga, steatsman (Hjerbeam, 1664 - Doanjum, 20 septimber 1730
- Keunstskilder Jopie Huisman hat hjir ek lang in gruthannel yn fodden en metalen.
- Waarman Piet Paulusma hat jierrenlang yn it doarp wenne.
[bewurkje seksje] Befolking
[bewurkje seksje] Strjitten
Buorren, Feringastrjitte, Jan Zeinstrastrjitte, Kiestersyl, Leane, Miedleane, Paradyske, Rykswei, Siccamastrjitte, Tsjerkestrjitte.