Baaium

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Baaium
Flagge fan Baaium Wapen fan Baaium
Flagge Wapen
Lokaasje fan Baaium
Gemeente Littenseradiel
Ynwennertal (2004) 120
Webstee http://baaium.villavrij.nl


Baaium is in terpdoarp yn it noardeasten fan de gemeente Littenseradiel. It doarp hat likernôch 120 ynwenners (2004). Yn 1832 moast men noch om it doarp hinne ride oer de Alde Baaiumer dyk. Troch de Baaiumer Opfeart komt men yn de Frjentsjerter Feart.

Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984, makke Baaium diel út fan de gemeente Hinnaarderadiel.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Skiednis

Oant 1685 stie hjir de "Eeckemastins", dy't tusken 1602-1610 bewenne waard troch grytman Ulbo van Aylva fan de gritenij Baarderadiel. Foar de tsjerkeherfoarming hie Baaium in premonstratinzer parochytsjerke. Dy hie sa'n grut doopfont ( 700 jier âld) dat de útdrukking ûntstie: Sa grut as it Baaiumer doopfont". Dit doopfont is yn de 17e ieu opgroeven. It soe wêze kinne dat it foar de Byldenstoarm yn'e grûn ferstoppe is. It stiet no yn de tsjintwurdige herfoarme tsjerke fan 1876. Net fier fan de tsjerke oan Alde Baaiumerdyk moat earder in stins stien hawwe mei in grêft der omhinne. Yn 2000 binne hjir de fûneminten fan fûn.

[bewurkje seksje] Ferskaat

Wynmotor Baaium

[bewurkje seksje] Strjitten

Alde Baaiumerdyk, Alde Dyk, Buorren, Foarstreek, Hasthemerwei, Kleasterwei, Werpsterwei.

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen