Wynmotor Baaium

Ut Wikipedy
De Wynmotor Baaium yn 2005

De Wynmotor Baaium is in poldermole en ryksmonumint út 1935, tichtby it doarp Baaium yn 'e gemeente Waadhoeke.

De Amerikaanske wynmotor Baaium stiet sawat in heale kilometer besúdwesten it doarp en is fan it seldsume type Mous. De sechtjin blêden tellende motor waard yn 1935 boud troch de firma Bakker út Drylts foar de bemealling fan de Húnserpolder, wêr't hy in tradisjonele wynmole ferfong dy't dêrnei sloopt waard. De mole mei in flecht fan 5 m. is in ryksmonumint en eigendom fan it Wetterskip Fryslân.

De mûne waard yn 2020-2021 mei stipe fan de stifting Wetterskipserfgoed restaurearre.[1]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: