Slappeterp

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
de himrik fan Slappeterp

Slappeterp (earder ek:Slepperdorp) is in doarp yn de gemeente Menameradiel, west fan Menaam. It is it lytste doarp fan de gemeente mei likernôch 80 ynwenners (2004).

It doarp is ûntstien op in lange kwelderwâl. It heart te de rige terpen dy't fan Arkens by Frjentsjer oer Skalsum, Peins, Tamterp, en Slappeterp oant de Hoge Wier tusken Menaam en Berltsum rint. It stie mei de Slappeterper Feart fia de Skinger Feart yn ferbining mei de Harnzer Trekfeart.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Mienskip

Slappeterp hat mei Skingen ien feriening foar Doarpsbelang. It doarpshûs hjit Op Healwei omdat it healwei Skingen en Slappeterp stiet.Yn 2007 is by it doarp swimfiver De Swanneblom oanlein as fergees alternatyf foar it swimbad yn Menaam. It hat in herfoarme tsjerke út 1926 dy't yn it plak kaam fan de tsjerke út 1826.

[bewurkje seksje] Ferienings

  • It Sil Heve - toaniel
  • kf Untspanning - keatsen
  • De Kromme Keu - biljerten

[bewurkje seksje] Strjitten

Kleasterdyk, Menamerdyk, Skingsterdyk.

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen