Koehoal

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Koehoal is in buorskip yn de gemeente Frjentsjerteradiel. Eartiids lei er yn Barradiel. Koehoal leit oan'e Waadseedyk benoarden Tsjummearum en Easterbierrum.

By Koehoal oan de seedyk is yn 2004 in brûnzen byld pleatst as oantinken oan de hjerringfiskerij by de Waadkust del. It byld hjit 'De Waadfisker' en is makke troch Frans Ram fan Hegebeintum.

Skriuwster Neeltsje Bonnema is berne op 10 juny 1949 op Koehoal.

It boek "Lette Simmer Op ’t Koehoal"- fan Tjitte Piebenga waard yn 1993 bekroand mei de Rely Jorritsmapriis.

De bunker by Koehoal is yn 2011 opknapt.

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen