Tjitte Piebenga

Ut Wikipedy

Tjitte Harings Redbad Piebenga (Frjentsjer, 12 augustus 1935 - dêre 27 desimber 2007) wie in Frysk skriuwer en dichter.

Libben foar it skriuwerskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hy wie de âldste fan sân bern yn de húshâlding fan Haring Tjittes Piebenga (1907-1981) en Johanna Kuiper (1909-1978). De famylje Piebenga ferhuze noch al ris; se wennen û.o. yn Frjentsjer, Berlyn, Middenmar en Peins. Yn Peins gie Tjitte nei de legere skoalle, dêrnei gie er nei de mulo te Frjentsjer en de kweekskoalle yn Ljouwert, earst nei de Rykskweekskoalle en letter nei de kristlike kweekskoalle Mariënburg, dêr’t er syn diploma helle.

Tjitte Piebenga hat feitlik syn hiele libben in soad lêst hân fan de politike kar fan syn heit. Heit Piebenga studearre yn de jierren tritich fan de 20e iuw yn Berlyn, dêr’t er yn 1941 promovearre op in antropologyske stúdzje oer de befolking fan Urk. Yn de oarloch sleat er him oan by de SS. Fuort nei de befrijing waard er ynternearre yn kamp Sondel, letter yn Westerbork. Tjitte waard fan gefolgen troch syn skoalgenoaten flink narre, dat gie troch oant syn tiid op de kweekskoalle. Studearje oan de universiteit mocht er net, de kweekskoalle wie foar him de iennichste mooglikheid. Sels in beneaming as ûnderwizer yn Nij-Guinea yn 1959 gie net troch om reden fan it ferline fan syn heit. Dat hie wol as útkomst dat er, troch syn beneaming yn Arum, it op ien nei jongste skoalhaad fan Fryslân waard; syn broer Jancko, yn Bears, wie de jongste.

Piebenga hat sân jier oan de skoalle fan Arum stien, doe naam er ûntslach omdat er pedagogy studearje woe. Dy stúdzje gie net troch mei’t krekt doe syn houlik mis rûn; ynstee fan studint waard er freelance-sjoernalist by Het Vrije Volk. Al ridlik gau murk er dat de sjoernalistyk him dochs net sa goed lei en gie er werom nei it ûnderwiis. Hy kaam te wurkjen by it Fuortset Spesjaal Underwiis te Ljouwert, dêr’t er him ek nei wenjen sette. By de krante hie er syn twadde frou, Hannah Ludwig, kennen leard. Yn 1975 ferhuzen de Piebenga’s nei Peins, dêr’t se yn it âlderlik hûs fan Tjitte kamen te wenjen, letter ferfearen se nei Frjentsjer. Hy koe yn 1990 út it wurk en wijde him dêrnei alhiel oan it skriuwen.

Skriuwer en kritikus[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Syn skriuwtalint hie er fan gjin frjemd: beide pakes skreaunen, syn omke Jan Piebenga wie sjoernalist en publisist, mar ek syn heit skreau. Troch syn omke Douwe Tamminga, dêr’t er inkelde jierren yn ’e hûs west hat doe’t syn heit ynterneard wie, kaam er yn ’e kunde mei skriuwers as Fedde Schurer, Lolle Nauta, Freark Dam en Geart Jonkman. Sels begûn er ek al jong mei skriuwen, hy wie santjin jier doe’t twa fersen fan syn hân, Famke en , ferskynden yn it earste nûmer fan literêr tydskrift De Golle, de foarrinder fan it lettere Quatrebras. Fiif jier letter debutearre er yn boekfoarm mei de dichtbondel Fersen foar Marida (1958). Mei Durk van der Ploeg en Jelle de Jong, dy’t yn datselde jier debutearren, hearde Tjitte Piebenga ta in nije generaasje Fryske dichters.

In hiel oare kant fan syn dichtersskip liet Piebenga sjen yn syn folgjende bondel Fersen. Dêryn hat de sjongsumens plak makke foar koarte sinnen en in somber wrâldbyld. De gedichten binne skreaun yn deselde tiid as dy fan De thermen fan Karratsjana, it like oft de dichter mei dizze bondels twa kanten fan syn dichterskip sjen litte woe.

Nei in mieningsferskil mei syn mei-redakteuren fan Quatrebras ferliet Piebenga dat blêd en publisearre dêrnei yn De Tsjerne, dêr’t doe settele dichters as Douwe Tamminga en Fedde Schurer fan yn de redaksje sieten. De literêre fernijïng dy’t Tjitte Piebenga sa fan belang achte, kaam ek by De Tsjerne net fan ’e grûn. Dêrom besleat er om yn ’e mande mei Bauke de Jong sels in tydskrift op te rjochtsjen, Asyl (1964-1968). Asyl fusearre op 1 jannewaris 1969 mei De Tsjerne en Quatrebras ta in nij literêr tydskrift Trotwaer. Tjitte Piebenga begûn doe in ienmanstydskrift Prym-19.

Ofsjoen fan syn tydskrift en wat toaniel- en kabaretwurk liet er in skoftlang net folle fan him hearre oant yn 1968 syn roman It lyk wurdt oantaast-anatomy fan in houlik ferskynde.
Piebenga skreau dêrmei in sterk autobiografyske bekentenisroman oer de mislearring fan it ambifalint begongen houlik fan in idealisearjende en narsistyske skriuwer-skoalmaster.
In jier letter kaam de novelle Retour juster. Dêrnei publisearre er noch trije fersebondels: De skabeljeuze útjefte Moaije Peal: limericks en tekeningen (1970) dêr’t er sels tekeningen by makke, Peins , en Myn sêftgrien famke (1977). Tusken 1961 en 1973 hat er 9 kear in Rely Jorritsmapriis wûn mei in ferhaal en twa kear mei in fers.

Tusken 1975 en 1981 ferskynden trije dielen fan Ut ’e wûndere Utdragerij, boeken mei ferhalen en ferskes. It mantsje fan plesier (1982) hat er boppedat sels yllustrearre. Dêrnjonken skreau er toaniel- en harkspullen en in musical en skreau er tegearre mei Julius Boekema acht kabaretprogramma’s foar Ut Franeker Straetkabaret, dy’t er sels ek regisearre. Hy hat yn ’e jierren sechtich as toanielspiler meidien by û.o. de Fryske Toaniel Stifting, dêr’t letter Tryater út fuortkaam is. Yn dy tiid wie er ek aktyf as oersetter fan toanielstikken, lykas fan Edward Albee 'Wa is bang foar Virginia Woolf'. Fierder skreau Tjitte Piebenga foar ferskate blêden literatuerkritiken, foar de Ljouwerter Krante skreau er poëzijkritiken yn it tiidrek 1994-2000.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Poëzij
  • 1958 : Fersen foar Marida
  • 1959 : De thermen fan Karratsjana
  • 1963 : Fersen
  • 1970 : Moaie Peal : limericks en tekeningen
  • 1971 : Peins (útjûn yn eigen behear)
  • 1977 : Myn sêftgrien famke
  • 2011 : Sammele wurk: diel 1 Poëzij - diel 2 Proaza
Proaza
  • 1968 : It lyk wurdt oantaest : anatomy fan in houlik (2e pr. 1998 Fryske Klassiken)
  • 1969 : Retour juster (novelle)
  • 1970 : De rook fan mesjester (ferhalen)
  • 2011 : Sammele wurk: diel 2 Proaza - diel 1 Poëzij
Berneboeken
  • 1975 : Ut de wûndere útdragerij : nije lêsfoarmen (tek. Rinse Klinker)
  • 1976 : Ut de wûndere útdragerij : nije lêsfoarmen II (tek. Rinse Klinker)
  • 1981 : Ut de wûndere útdragerij : nije lêsfoarmen III (tek. Rinse Klinker)
  • 1982 : It mantsje fan plesier (tek. fan de auteur)

Rely Jorritsmaprizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1961 - Boartsje mar (ferhaal)
  • 1961 - Duet foar dy (fers)
  • 1967 - Kikkerts (ferhaal)
  • 1967 - Myn Famke (fers)
  • 1968 - Hanneke (ferhaal)
  • 1969 - Heit wie der net by (ferhaal)
  • 1970 - Dekkleden (ferhaal)
  • 1971 - Apels (ferhaal)
  • 1972 - De mantels fan de leafde (ferhaal)
  • 1973 - De rokken fan Aukje (ferhaal)
  • 1973 - Tusken Peins en Skingen (ferhaal)

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: