Kleaster Blomkamp
Ut Wikipedy
|
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta. |
Kleaster Blomkamp (Latyn: Floridus Campus) of Aldekleaster wie in kleaster ûnder Hartwert fan de Bernardinen of Skiere Mûntsen.
It kleaster is stifte yn 1191 fan Kleaster Klaarkamp út. It kleaster krige op in protte plakken lân en ek in stimannich eigentsjerken. Yn 1233 waard troch Dodo, de doedetiidske abt fan Blomkamp it frouljuskleaster Nijekleaster stifte ûnder Skearnegoutum dêr't it ek mei dykwurken belêste wie.
Yn de 14e ieu keas it kleaster foar de partij fan de Skieringers yn it skeel tussken Skieringers en Fetkeapers. Yn 1572 waard it kleaster troch de Geuzen oermastere, plondere en ferwoaste.
Keppeling om utens [bewurkje seksje]
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|