Poppestien

Ut Wikipedy

De poppestien is in grutte graniten balstien dy't oan de Hillamawei (yn 't West) yn Burgum leit. Yn de 19e iuw lei de stien op in oar plak. Yn 1871 wurdt alteast skreaun: "Men verwijdert wegens den aanleg van den straatweg den Poppesteen te Bergum".
Bern waard ferteld dat lytse poppen ûnder dizze stien weikamen. Fan Hendrik Bulthuis is in liet bekend dat ferhellet hoe't de poppestien efkes oerein komt: 'As de leaden hoanne kraait, tilt er efkes op, en ús Burgumer memke krijt dan har lytse pop', sadat mem de poppe hurd pakke kin.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Poppestien.

  • Hindrik van der Vliet. Burgum Wâld- en Wetterdoarp. 1993