Tsjibbe Gearts van der Meulen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Tsjibbe Gearts fan der Meulen
It hûs dêr't Tjibbe Geerts van der Meulen 60 jier wenne hat en dêr't er letter wer yn kaam om dêr syn libben as in âld hoas útraffelje te litten (syn eigen wurden)

Tsjibbe Gearts van der Meulen ( Burgum, 6 maaie 1824 - 16 maart 1906 ) ( Meast Tsjibbe Gearts neamd) wie in Fryske skriuwer en fierder klokmakker, post, drukker, redakteur en útjouwer fan de Burgumer Courant.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Wurk

Tsjibbe Gearts wie in echte folkskriuwer. Hy skreau toanielstikken en kluchten, foardrachten, epigrammen, ferhalen, sangboekjes, oratoariumteksten en noch folle mear. Mei syn freon Waling Dykstra makke er stikjes foar de Winterjûnenochten 1860-1862.

Tsjibbe Gearts kin karakerisearre wurde as in romantikus, wat nayf, mei in boartlike geast. Syn stikjes hingje oer nei it groteske en hy hie in grutte ferearing foar de adel. Polityk wie er it liberalisme it neist en nige er nei de Ferljochting. Hy mocht graach de de nearzige ortodoksy de gek oanstekke. Hy makke in reis nei de Feriene Steaten en hat dêr wiidweidich ferslach fan dien; hy stipe emigraasje.[1]

As sjoernalist wie er sybjektyf (wat doetiids net sa frjemd wie) mei in protte each foar detail, sa at bygelyks bliken docht út syn 'Nei s'Gravenhage yn July 1905', dêr't er sels it kapsel fan guon politisy yn beskriuwt. [2]

[bewurkje seksje] Bibliografy

Grêfstien fan Tsjibbe Gearts van der Meulen
  • Tryntsje Rommelpôt (1850)
  • Myn suchten en myn sangen (1859)
  • Mâl út, mâl thús ( klucht, 1859)
  • Fan De Wylp nei Ljouwert en fan Ljouwert nei de Wylp (1861)
  • Foardrachten yn rym en ûnrym (1864)
  • Moaie blommen fan ús Fryske Letterkroane (1880)
  • Jan en janke ( operatekst 1897)
  • De reis nei de Jichtmasters (1898).

De folsleine list publikaasjes is fia de auteursnamme te finen op de site fan Tresoar.

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Brouwer, J. H. e.o., Encyclopedie van Friesland. Meulen, Tsjibbe Gearts van der, 1958.
  2. Freark Dam, Tusken de rigels troch, oer skriuwers boeken en blêden, 1991. Tsjibbe Gearts, in nuveraardich hear.

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen