Foppe de Haan
| Foppe de Haan | ||
| Foppe de Haan | ||
| Basisynfo spiler | ||
| Namme | Foppe de Haan | |
| Bertedatum | 26 juny 1943 | |
| Berteplak | Lippenhuzen | |
| Basisynfo klup | ||
| Posysje | linker middenfjilder / oanfaller | |
| Jeugdtiims | ||
| 1956-1957 1957-1961 |
SV THOR GAVC |
|
| Profesjonele feriening(s) | ||
| 1961-1963 1963-1965 1965-1968 1968-1970 1970-1973 1973-1974 |
GAVC SK It Hearrenfean GAVC VV Zuid Eschmarke VV Akkrum Enschedese Boys |
w (g) - - - - - |
| Trener by | ||
| 1974-1978 1976-1977 1977-1980 1980-1983 1983-1985 1985-1988 1992-2004 2004-2009 2009-2010 2011 |
VV Akkrum SK It Hearrenfean (jeugd) Drachtster Boys ACV VC Stienwyk SK It Hearrenfean SK It Hearrenfean Jong Oranje Ajax Cape Town Tûvalû |
|
Foppe de Haan, berne yn Lippenhuzen op 26 juny 1943, is in Fryske fuotbaltrener dy't fan july 1985 oant juny 2004 trener wie by SK It Hearrenfean.
Ynhâld |
Biografy [bewurkje seksje]
De Haan waard berne as soan fan de weinmakker Reinder de Haan, syn mem wie Tjimkje Woude. Hy folge oan it CIOS in oplieding ta gymnastykûnderwizer. Sels spile De Haan by ferskate amateurklubs, mar ek in skofke foar SK It Hearrenfean. Fan 1974 ôf begûn hy as trener fan ferskate klubs, earst by amateurklubs, letter foar likernôch 20 jier by SK It Hearrenfean.
Yn 2005 stifte De Haan it Foppe Fûns, in goed doel foar it stimulearjen fan sport by lytse bern.
SK It Hearrenfean [bewurkje seksje]
De Haan wie as jeugdspiler en amateur al ferbûn oan it Hearrenfean. Sûnt 1985 makket hy diel út fan de technyske stêf by SK It Hearrenfean. Hy wie fan 1985 oant 1988 haadtrener. Yn dy funksje waard De Haan opfolge troch Frits Korbach. De Haan krige doe de funksje technysk direkteur. Doe't Korbach yn 1992 It Hearrenfean ferliet, naam Foppe de Haan de funksje fan haadtrener wer op him.
Foppe helle yn syn twadde perioade as haadtrener fan It Fean wichtige resultaten. Sa wist hy yn 1993 en 1997 de finale fan de KNVB-beker te berikken, beide kearen waard ferlern. Yn 1993 fan Ajax en yn 1997 fan Roda JC. It Hearrenfean helle foar it earst yn harren skiednis Jeropeesk fuotbal ûnder lieding fan De Haan. Dit barde yn it seizoen 1997/1998. Yn totaal helle hy fjouwer kear Jeropeesk fuotbal. Yn it seizoen 1999/2000 waard sels de Champions League berikt.
Oan it begjin fan it seizoen 2003/2004 kundige hy oan dat hy as trener stopje soe. Op 2 jannewaris 2004 makke it bestjoer bekend dat Gertjan Verbeek, dy't earder al diel útmakke hat fan de technyske stêf by fan de klup, Foppe de Haan opfolgje sil.
Jong Oranje [bewurkje seksje]
Neidat De Haan It Hearrenfean yn 2004 ferliet, waard er trener yn tsjinst fan de KNVB. Hy waard de nije trener fan Jong Oranje.
It earste wapenfeit fan De Haan by Jong Oranje wie it winnen fan it Jeropeesk Kampioenskip ûnder 21. It wie ek syn earste echte priis. It barde allegear yn de simmer fan 2006 yn Portegal. Nea wûn in Hollânske jeugdploech fan dizze leeftyd in ynternasjonaal toernoai. Ek it berikken fan de finale wie noch nea earder bard.
In jier letter waard it Jeropeesk Kampioenskip foar Jong Oranje yn Nederlân hâlden. Nei in minne tarieding wist de ploech dochs goed foar de dei te kommen op it toernoai. De earste twa wedstriden, tsjin Jong Israë; (1-0) en Jong Portegal (2-1) waarden wûn, wat betsjut dat Nederlân foar it earst sûnt 1952 wer in jeugdploech nei it Olympyske Spullen stjoere mocht. De tredde wedstriid yn de poelfase eindiget yn 2-2 tsjin Jong Belgje.
As poelwinner gie de ploech troch nei de heale finale. Dêr moast Nederlân tsjin Jong Ingelân útkomme. De wedstriid einiget nei 90 minuten yn 1-1, wêrnei yn in lange strafskoppensearje Oranje de beste wie. Mei de strafskoppensearje easket De Haan alle oandacht op. Nei tsien strafskoppen stjoerde Ingelân in spiler nei foaren dy't al ien naam hie, yn stee fan Steven Tayler, dy't noch komme moast. Dêrop stowde De Haan it fjild yn, om de skiedsrjochters dêrop te wizen. De Haan krige in giele kaart foar dy aksje, mar ek syn sin.
Yn de finale moast spile wurde tsjin Servje. Yn de Euroborg yn Grins waard de finale tsjin spile. De wedstriid einige yn in 4-1 oerwinning fan Jong Oranje. Foar it earst yn de skiednis wûn in ploech dy't it toernoai organisearre.
De neikommende edysje fan it Jeugd EK yn 2009 yn Sweden waard net helle. Dêrop krige De Haan in nije funksje by de KNVB. Hy waard de tasjochhâlder en koördinator fan de fertsjintwurdjengde alvetallen fan de KNVB, wêrûnder Jong Oranje. Under syn lieding kaam ûnder oare Nederlân B werom, mei as haadtrener Johan Neeskens. Nei in pear wedstriden is dy ploech wer ferdwûn.
De Haan hâlde yn de simmer fan 2009 op mei syn wurk by de KNVB.
Ajax Cape Town [bewurkje seksje]
Yn july 2009 wurdt De Haan jeugdbegelieder by SK It Hearrenfean. It wie de bedoeling om it rêstiger oan te dwaan en net mear alle dagen op it fjild te stean, dy funksje passe yn dat byld. Mar begjin oktober 2009 komme der geroften dat De Haan de nije trener wurde sil fan it Súd-Afrikaanske Ajax Cape Town. Yn in reaksje op de berjochten seit er dat de kâns dat hy dêr oan de slach sil grutter is as 50%.[1] Mar op 15 oktober wurdt bekend dat De Haan definityf nei Ajax Cape Town giet.[2] Foar acht maanden sil er dêr de haadtrener wêze. By Ajax Cape Town giet De Haan wer mei doelman Hans Vonk gearwurkje, mei wa't er ek al yn syn tiid by SK It Hearrenfean in lange tiid wurke hat.
Op 30 maart 2011 makke Foppe de Haan bekend dat er mei pensjoen gean sil, hy sil dêrom ophâlde as haadtrener fan Ajax Cape Town. De Haan soe werom komme nei Nederlân. [3] Nei't er yn Súd-Afrika krekt net de lânstitel helle hie, waard bekend dat De Haan foar fjouwer wiken bûnstrener wurde soe fan de ûnôfhinklike eilânnekloft Tûvalû yn de Stille Oseaan. Hy sil it lân tariede op de "Pacific Games". [4]
Statistiken [bewurkje seksje]
Wurkpaad as spiler [bewurkje seksje]
- S.v. T.H.O.R. (Lippenhuzen)
- GAVC Grou
- VV It Hearrenfean
- VV Súd Eschmarke
- VV Akkrum
- sv De Enschedese Boys
Wurkpaad as trener [bewurkje seksje]
- VV Akkrum (1974-1976)
- SK It Hearrenfean, jeugd (1976-1977)
- Drachtster Boys (1977-1980)
- ACV (1980-1983) (NF)
- Stienwyk (1983-1985) (NF)
- SK It Hearrenfean (1985-2004)
- Jong Oranje (2004-2009)
- Ajax Cape Town (2009-2011)
- Tûvalû (no)
Earelist as trener [bewurkje seksje]
- Promoasje nei de Earedivyzje mei It Hearrenfean: 1992-1993
- Beheljen fan 2e plak yn de Earedivyzje en de Champions League mei It Hearrenfean: 1999-2000
- Jeropeesk kampioen my Jong Oranje: 2006, 2007
- Beheljen Olympyske Spullen fan 2008 yn Peking, Sina mei Jong Oranje.
Underskiedings [bewurkje seksje]
- Sport Award yn 2003
- Ridder yn de Oarder fan Oranje Nassau yn 2004 (nei syn lêste thúswedstriid as trener fan It Hearrenfean)
- Eareboarger fan It Hearrenfean yn 2004
- Trener fan it jier 2007 (tegearre mei Robert Eenhoorn)
Ferskaat [bewurkje seksje]
- Der is in Spurt (trein) nei Foppe de Haan ferneamd.
Literatuer [bewurkje seksje]
- Eppie Dam - Foppe, portret fan in bysûnder gewoan minske, ISBN 90-76589-10-0
Sjoch ek [bewurkje seksje]
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |