Swanneblom

Ut Wikipedy

Gean nei: navigaasje, sykje
swanneblom
blom fan de swanneblom

De swanneblom (Butomus umbellatus) ek: swannepopel, stuoltsjeblom, kankerblom is in moerasplant mei rôze blommen yn de Swanneblomfamylje. It is de ienige plantesoarte yn dizze famylje. De plant is yn Fryslân en Nederlân wetlik beskerme. De blom hjit swanneblom omdat de stampers in foarm hawwe dy't sterk liket op sierlike swantjes. De seis stampers hawwe oan de foet nektarklieren.

It feit dat de swanneblom yn Nederlân wetlik beskerme is betsjut net dat de plant seldsum is, krekt oarsom, op de klaaigebieten yn Nederlân is hy algemien. De plant groeit faak yn sleatten dy't jierliks skjinmakke wurde. Hy hat der net sa bot fan te lijen omdat dizze skjinmakbeurten syn leefmiljeu yn stân hâlde. De swanneblom groeit yn fiedselryk wetter. Wannear't de plant opûkt mids ferskate seldsume planten yn relatyf fiedselearm wetter, is dat it teken dat it wetter fiedselryk oan it wurden is en dat de fynpriuwers út soksoarte miljeu ferdwinen gean sille.

De swanneblom wurdt in soad besocht troch graafwespen.

As eksoat is de swanneblom yntrodusearre yn de Feriene Steaten fan Amearika, dêr wurdt dizze plant 'flowering rush' neamd. De plant tiert dêr te goed.

[bewurkje seksje] Keppeling om utens



Commons-logo.svg
Dit materiaal is beskikber fia Wikimedia Commons as Butomus umbellatus en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiki-projekten.

Aspekten/aksjes
Persoanlike ynstellings