Folkshegeskoalle
Ut Wikipedy
De earste folkshegeskoallen waarden fan it midden fan de 19e ieu ôf stichte yn Denemarken troch de dichter teolooch N.S.F. Gruntvig. It doel wie om it plattelân te emansipearjen en ferset te bieden tsjin it opkommende rasjonalisme en liberalisme. Oant op de dei fan hjoed hawwe de folkshegeskoallen yn de Skandinavyske lannen in wichtich oandiel yn de edukaasje fan de befolking.
Yn Nederlân waarden ek folkshegeskoallen oprjochte, dy’t it karakter krigen fan foarmingsynstellingen yn ynternaatsferbân. Allardseach (deunby Bakkefean) wie it earste plak dêr’t (yn 1931-1932) in folkshegeskoalle út ein sette op inisjatyf fan J. van der Wielen en yn 1968 wie der yn elke provinsje in folkshegeskoalle te finen. It doel fan de folkshegeskoallen waard sa omskreaun: it jaan fan in seedlik-geastlike ûntwikkeling oan folwoeksen persoanen as grûnslach foar de fernijing fan de folkskultuer en ta it fuortsterkjen fan de folksmienskip. Der waarden dan ek in protte kursussen jûn rjochte op it sosjaal funksjonearjen yn de mienskip.
Troch werstrukturearring fan de subsydzjestreamen waarden de folkshegeskoallen yn de tachtiger jierren fan de 20e ieu twongen om gear te wurkjen, c.q. te fusearjen mei libbensbeskôglike foarmingssintra. In gefolch dêrfan wie û.o. dat de namme folkshegeskoalle sawat oeral ferdwûn. De namme is no noch op twa plakken werom te finen. By de Stichting voor Volkshogeschoolwerk yn Nederlân, dy’t foarmingsprojekten subsidiearret en stúdzjes en publikaasjes inisjearret en finansiert mits dy strike mei de âlde doelstelling.
Mar de orizjinele betsjutting fan de Folkshegeskoalle is werom te sjen by de Folkshegeskoalle Schylgeralân, op Skylge. De Folkshegeskoalle Schylgeralân is de iennige en lêste folkshegeskoalle fan Nederlân, en bestiet sûnt 1948. Trochdat hja ûnôfhinklik wiene fan subsydzje, hiene sy minder muoite mei de grutte feroaringen dy’t ein tachtiger jierren in rol spilen.
Hjoed de dei organisearret de Folkshegeskoalle Schylgeralân alle jierren kursussen op it mêd fan kreativiteit, besinning en natuer. De Fryske taal en kultuer hawwe fan it begjin ôf in wichtige rol spile foar de Folkshegeskoalle. Der wurde no ek noch hieltyd aktiviteiten en kursussen op dat mêd organisearre.

