Oldehove

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
De Liudgertsjerke yn Oldehove (2008)

Oldehove (Grinslânsk: Ol hoof) is in doarp yn it Westerkertier. It leit yn it noarden fan de Grinzer gemeente Súdhorn. Yn 2008 wennen der 1648 minsken.[1]

[bewurkje seksje] Beskriuwing

Oldehove leit yn de streek dy't it Humsterlân neamd wurdt. De namme fan it doarp komt foar yn in pear tsjerkelisten út de fyftjinde ieu.

Oant 1990 wie Oldhove it haaddoarp fan in selsstannige gemeente mei deselde namme, mar yn dat jier gong dy op yn de gemeente Súdhorn.

Yn it doarp stiet in oan Liudger wijde herfoarme tsjerke, dy't yn de trettjinde ieu boud is. De toer fan de tsjerke datearret lykwols út de fyftjinde ieu. Yn Oldehove stean fierder twa nôtmûnes: de Aeolus út 1846 en De Leeuw, dy't yn 1855 boud waard. Noardeastlik fan de tsjerke lei de Englumboarch mei in, súdeastiker lizzende koaipleats derby.

Sa'n twa kilometer noardwestlik fan Oldehove stiet oan it Reitdjip it gemaal De Waterwolf, dat yn 1920 setten is en doe it earste elektrysk oandreaune gemaal fan Nederlân wie.

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

[bewurkje seksje] Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. (nl) Gemeente Súdhorn - Inwoneraantal
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen