Appingedam

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Gemeente Appingedam
Sint Nikolaastsjerke, goatyske halletsjerke
Hingjende keukens yn it plak Appingedam

Appingedam is in gemeente en stêd yn Grinslân. De gemeente hat 12.433 ynwenners (2002) en in gebiet fan 24,62 km², wêrfan 0,79 km² wetter.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Skiednis

Haadplak fan de gemeente is it histoaryske stedsje Appingedam, dat earder de haadstêd fan it lânsdiel Fivelgoa wie. Appingedam is ien fan de fjouwer stêden yn Grinslân. Appingedam krige syn stedsrjochten yn 1327 fan de Opstalbeam, it wurdt ek wol de 12e Fryske stêd neamd.

Edzard de Grutte fan East-Fryslân woe him lânshear fan de Fryske Ommelannen meitsje. De stêd Grins keas Edzard de Grutte as beskermhear en ek de befolking fan Appingedam keas foar Fryslân. Yn 1514 waard Appingedam oerweldige troch Joaris mei it Burd (Georg fan Saksen) yn de slach om Appingedam. Suver alle ynwenners waarden deadien.

Nei de Twadde Wrâldkriich waard Delfsyl linkendewei de grutte buorgemeente fan Appingedam. Delfsyl ûntjoech him mei faasje ta in wichtige havenstêd. Dêrby rûn de ûntjouwing fan Appingedam lang sa hurd net.

[bewurkje seksje] Plakken

Appingedam (haadplak), Opwierde, Solwerd en Tjamswar.

[bewurkje seksje] Stedsbyld

[bewurkje seksje] Ferkear

It spoar fan Grins nei Delfsyl rint troch de gemeente Appingedam, der is in stasjon yn de haadplak. De busline (1)40 ferbynt Grins en Delfsyl en rydt troch de gemeente. Der binne oare busferbinings mei de doarpen om it haadplak hinne. De grutste diken binne de N33 (Feandam - Iemshaven), de N989 (Appingedam) en de N360 (Grins-Delfsyl).

[bewurkje seksje] Partnerstêd

[bewurkje seksje] Keppeling om utens


Provinsje Grinslân Flagge fan de provinsje Grinslân
Appingedam | Bedum | Bellingwedde | Ten Boer | Delfsyl | Feandaam | Grins | Gruttegast | Haren | Hegesân-Sappemear | Iemsmûn | De Like | Loppersum | De Marne | Mearum | Menterwâlde | Oldambt | Pekela | Sljûchter | Stêdskanaal | Súdhorn | Vlagtwedde | Winsum
Persoanlike ynstellings
Nammeromten

Farianten
Aspekten/aksjes
Actions
Navigaasje
helpmiddels
Oare talen