Farmsum

Ut Wikipedy
Farmsum
Sicht op Farmsum
Sicht op Farmsum
Emblemen
               
Polityk
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Grinslân
Gemeente Iemsdelta
Sifers
Ynwennertal 1.627
(2021)[1]
Oerflak 11,57 km²
wêrfan lân: 10,53 km²
wêrfan wetter: 1,04 km²
Befolkingsticht. 156 ynw. / km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 19' N 6° 55' E
Eemsmondgebouw yn Farmsum
Eemsmondgebouw yn Farmsum
Lokaasje fan Farmsum yn de eardere gemeente Delfsyl
Lokaasje fan Farmsum yn de eardere gemeente Delfsyl
Offisjele webside
Side Farmsum
Kaart
Farmsum (Grinslân)
Farmsum

Farmsum (Grinslânsk: Faarmsom) is in doarp yn de Nederlânske provinsje Grinslân dat grinzet oan de stêd Delfsyl. Farmsum hat in soad bedriuwen en is ek ryk oan ferienings.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Twillingfesting Farmsum

Om it jier 1000 hinne waard it doarp Fretmarashem neamd. Yn 1228 komt it foar as Fermeshem. Oan de ein fan de 14e iuw waard de namme as Fyrmesen skreaun en noch letter as Fermissum en Farremsem. De rjochtspraak, en ek de proasdij oer it easten fan Fivelingo en de Aldamten wie doe yn hannen fan de Ripperda's, de bewenners fan it Hûs yn Farmsum.

In de Frânske tiid, yn 1809, hat Farmsum in skoftke in selsstannige gemeente west. De Frânsen wiene fan doel en meitsje fan Farmsum en Delfsyl een twillingfêsting. Dit soe betsjutte dat Farmsum in fortresse wurde soe, mar dêr is neat fan telâne kaam. By it belis fan Delfsyl (1813-1814) hie Farmsum swier te lijen ûnder de besjittingen en oanfallen fan de Frânsen en it frijmeitsjen fan it skoatsfjild om de fêsting hinne.

It besjen wurdich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar in doarp lykas Farmsum is de mânske tsjerke mei in hege toer opmerklik grut. De hjoeddeiske tsjerke waard yn 1869 boud om de brekfallige midsiuwske tsjerke te ferfangen. In oar monumint is de nôtmole Aeolus dy't yn 1977 fan plak feroare is.

Ekonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Farmsum binne mear as 300 bedriuwen fêstige. Dat komt om't de haven fan Delfsyl tsjin Farmsum oan leit. Súdlik fan Farmsum leit oan it Iemskanaal de Farmsumerhaven, in ynhaven as part fan de haven fan Delfsyl. Dy biedt in lisplak foar skippen en jout romte foar oerslach.

Nijsgjirrich[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Farmsum wennet in lytse Molukske mienskip dy't troch de Nederlânske oerheid harren eigen wenwiken tawiisd krigen nei harre oankommen yn 1951.

Berne[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Farmsum is ek it berteplak fan de Nederlânske jurist Gerhardus Diephuis.

Ofbylden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Alle Cijfers

Iemsdelta
Stêden:
AppingedamDelfsyl
Doarpen:
BierumBorgsweerEenumFarmsumGarrelsweerGarsthuizenGodlinzeHolwierdeHuizingeKrewerdLeermensLoppersumLosdorpMedhuizenMiddelstumOosterwijtwerdOpwierdeSeerypSyldykSolwerdSpijkStartenhuizen (foar in part)StedumTermuntenTermunterzijlTjamsweerToornwerdUitwierdeWagenborgenWesteremdenWesterwijtwerdWinneweer (foar in part)WirdumWoldendorp't Zandt
Buorskippen & útbuorrens:
AmsweerArwerdBaamsumBiessumBinnen AeBoerdamDallingeweerDekkershuizenDijkumEekwerdEekwerderdraaiEelshuisFiemelFraamklapGarreweerGarsthuizervoorwerkGeefsmeerDe HeemenHoeksmeerHoogwatumJukwerdKolhofKopafKrangeweerIdeweerLalleweerLangerijpLaskwerdLesterhuisLutjerijpMarsumMerumNansumNienhuisNieuwstadNooitgedachtOldenkloosterOpmeedenDe PalenPolen (foar in part)RodeschoolSchaapbultenStorkTerhornTweehuizenUiteindeVierburenVierhuizenWirdumerdraai't ZandstervoorwerkZomerdijk
Eardere plakken:
HeveskesNaterijOterdumReideWeiwerd
wizigje