Bierum

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Lizzing Bierum yn gemeente Delfsyl
Romanogoatyske tsjerke fan Bierum

Bierum (Grinslânsk: Baaierm) is in wierdedoarp yn de gemeente Delfsyl yn it noarden fan de provinsje Grinslân, Nederlân.

Bierum hat sa'n 800 ynwenners en leit noardwestlik fan Delfsyl oan de Waadkust. It meast karakteristike gebou fan it doarp is de midsieuske Sebastiaantsjerke mei in mânske steunbear tsjin de toer oan. Dizze steunbear wie bedoeld om te skoarjen, mar troch in fout yn de oanlis fan it fûnemint lûkt er de toer no feitlik del. Bysûnder is fierders dat dit foar it grutstepart romaanske tsjerke in Romanogoatyske ferwulft hat fan saneamde meloenferwulften.

Yn Bierum stie yn it ferline de boarch Luinga. It boarchterrein is noch goed werom te kennen. De entree mei bakstiennen brêge is noch geef.

Bierum foarme mei de omlizzende doarpen Godlinze, Losdorp, Holwierde, Krewerd en Spijk, oant 1990 in selstannige gemeente. By de gemeentlike weryndieling fan dat jier kaam Bierum by Delfsyl.

Berne yn Bierum[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]