Fivelgoa

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Lokaasje fan Fivelingo yn de Fryske seelannen

Fivelgoa (ek: Fivelingoa) is in fan oarsprong Frysk (goa) yn it tsjintwurdige Grinslân. De westgrins wie it Mearflyt en de eastgrins de Tsjamme dy't sa'n bytsje de eastgrins foarme fan de tsjintwurdige gemeente Slochteren.

Algemien[bewurkje seksje | edit source]

De namme bestjut goa of gea fan de Fivel, in earder rivierke yn de omkriten. Fivelingoa wurdt kenmerke troch de marren, borgen en de gasbel by Slochteren. Ek de seehaven Delfsyl en it midsieuske stedsje Appingedam jouwe dit gebiet har karakter. De wetten fan Fivelingoa wiene earder yn it Aldfrysk.

De namme waard ek brûkt foar it eardere wetterskip yn sawat itselde gebiet. Dit wetterskip is yn 1987 opgien yn it wetterskip Iemssylfest.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Krekt as Hunzegoa wie Fivelingoa earder in Frysk goa. It wie ien fan kertieren fan de De Ommelannen.

It gebiet bestie út trije ûnderkertieren:

Yn de 13e ieu waarden dizze ûnderkertieren ôfskaft en waard Fivelgoa as ien gewest sjoen. De yn it aldfrysk opstelde Fivelgoa-wetten meitsje in wichtich part út fan oerbleaune Aldfryske teksten.

Fivelingoa wie leechlân dat ferskate kearen oerstreamd is. Der wie in lege sânrêch dêr't in oantal doarpen op leinen. Dit is de liny Slochteren, Schildwolde, Hellum, Siddebuorren. Sûnt de lânwinning yn de Dollard, binne de oerstreamings yn Fivelingoa ferline tiid.

Appingedam wie yn de midsieuwen de wichtigste stêd fan Fivelingoa en de Ommelannen. Neffens in oarkonde út 1057 wie earder Garrelsweer it belangrykste plak. Garrelsweer ferlear lykwols har posysje. Wierskynlik kaam dit troch de fersâning fan de Fivel. Ek Appingedam koe har nei ferrin fan tiid net hanthavenje tsjinoer de groeiende macht fan de stêd Grins yn de Ommelannen. Noch letter kaam dêr de groei by fan Delfsylster haven. Dochs bleaun Appingedam it haadplak fan Fivelgoa. Fan dizze eardere posysje is tsjintwurdich noch altiten wat werom te finen yn de âlde binnenstêd.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]