Reiderlân (regio)

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Lizzing fan it Reiderlân.
Fan de dyk ôf sjoen.

It Reiderlân (Dútsk: Rheiderland) is in gea yn it grinsgebiet fan Nederlân en Dútslân, diel fan de Nederlânske provinsje Grinslân en it Dútse distrikt Leer yn East-Fryslân.

Histoaryske grinzen[bewurkje seksje | edit source]

Foar de oerstreamings fan de Dollard waard de lângrins tusken Reiderlân en it lânskip Oldambt foarme troch de Tsjamme. Dizze grins wurdt wiidweidich beskreaun yn in twatal ferdragen út 1391 en 1420. It gebiet besuden de Tsjamme hearde oan Reiderlân. Oare grinzen wienen de Iems yn it noarden en it easten. De westlike grins is net mear bekend, mar dy sil ek net dúdlik west wêze yn it sompige fean besuden Reide. De súdlike grins fan Reiderlân wurdt yn it Nederlânske diel foarme troch de súdgrins fan de gemeente Wynskoat en de eardere gemeenten Blijham en Bellingwolde. It gebiet besuden hjirfan wie it lânskip Westerwolde. Westerwolde hat nea part fan Reiderlân west, hoewol't guon dat wol miend hawwe yn de 19e ieu. De betizing dy't der oer wie is ûntstien fanwegen de famylje Addinga. Dy famylje wie neist hear fan Westerwolde ek besitter fan de jurisdiksy fan Wynskoat. Dit lêste gebiet, hjitte ek wol gericht fan Wynskoat en wie part fan Reiderlân én fan Osnabrück. Ut reden dêrfan komt Addinga foar yn twa ferdragen mei de jiertallen 1391 en 1420 tusken de wichtichste hearen fan Reiderlân, mei as wichtichste besit Westerwolde. De fiif karspelen fan Westerwolde wienen ek part fan Osnabrück.

Skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Reiderlân om 1300 hinne
It âlde Reiderlân

De wierdedoarpen oan de Iems wienen faak foar de jiertelling al bewenne, al binne der yn de iere midsieuwen inkelde doarpen bykaam. Om it jier 1000 hinne waarden nei alle wierskyn de earste feanûntginningsdesettinge stichte. It gea waard hurd ryk troch feanûntginning en troch it bêste weidlân. It Reiderlân, as hannelsgebiet oan de mûning fan de Iems, yn de lette Midsieuwen gie it tige mei, oant der troch in searje oerstreamings yn de 15e en 16e ieu in protte lân oan de see oerjûn wurde moast. Guon sjogge de fetes tusken Skier en Fet mei as oarsaak. In protte doarpen strûpten ûnder yn de nij ûntstiene Dollard. Tusken de 16e - en de 19e ieu waarden grutte parten fan de Dollard lykwols wer bedike en ta polders makke, dêr't grutte nôtbedriuwen ûntstiene dêr't de streek ferneamd om waard. De Dollard is no in beskerme waadgebiet.

It midsieuske lânskip Reiderlân, terra reidensis is neamd nei de delsetting Reide by de Punt fan Reide. It efterlân fan Reide omfieme in grut oantal karspelen. It westlike diel is oan de stêd Grins kaam, it eastlike part oan East-Fryslân. Dy ferdieling wie yn 1427 al in feit en waard yn 1454 formeel. De grins tusken beide dielen waard foarme troch de Reider Ee, de ûnderrin fan de Westerwoldse Aa en foarme yn letter ieuwen de grins tusken Dútslân en Nederlân. De lêste oerbliuwsels fan it lânskip binne: de Punt van Reide, dielen fan de gemeente Reiderland, it Dútske Rheiderland, de Dollard en it eilân Nesse.

Hiel Reiderlân hat fan 1806 oant 1813 yndield west by it Keninkryk Hollân. Nei de Twadde Wrâldkriich hat Nederlân noch besocht it Dútske Rheiderland by Nederlân te krijen, mar dat is neat wurden.

Tsjerklike grinzen[bewurkje seksje | edit source]

It noardlike part fan Reiderlân wie in diel fan it bisdom Münster. It gebiet besuden de Tjamme hearde ta it bisdom Osnabrück. It tsjintwurdige Dútske Reiderlân heart ek by Münster.

Kleasters yn Reiderlân[bewurkje seksje | edit source]

Yn Reiderlân lei it kleaster Palmaer (Hjir mear:[1]). In ôfbyld fan it kleaster stie yn it lânssegel fan Reiderlân. Oare kleasters yn Reiderlân wienen: dat fan Heiligerlee, Reide, Dünebroek by Wijmeer (Dútsk: Wymeer) en Jemgum.

Befolking[bewurkje seksje | edit source]

It Reiderlân is polityk en kultureel bekend om syn utersten. Polityk is it gea tige beynfloede troch it sosjalisme. Oan de Dútske kant fan de grins is de Sozialdemokratische Partei Deutschlands (SPD) oppermachtich, oan Nederlânske side is in grut part fan de befolking sels kommunistysk: de gemeente Reiderlân is in bolwurk fan de Nije Kommunistyske Partij Nederlân (NCPN).

Wat godstsjinst oangiet binne sawol it Dútske as it Nederlânske part kalvinistysk. Foaral yn Dútslân is dat opfallend, omdat de measte protestanten dêr lutersk binne. Hjoeddendei is noch altyd 70% fan de befolking fan it Dútske diel lid fan de Evangelisch-reformierte Kirche, te fergelykjen mei de Nederlânske Herfoarme Tsjerke (no Protestantske Tsjerke yn Nederlân). Yn Bunde (82%) en de lytse doarpen is dat persintaazje noch folle heger. In lytse minderheid is lutersk, katoliken binne der hast net. Oan Nederlânske kant is de befolking foar it measte part ûntsjerklike en is noch mar yn lyts part lid fan in tsjerke.

Troch de ynfloed fan it kalvinisme en de bannen mei Nederlân wie ek yn it Dútske diel, oant ein 19e ieu, it Nederlânsk noch in wichtige taal. Boppedat is it Grinslânsk/East-Fryske dialekt fan it Nedersaksysk sterk beynfloede fan it Nederlânsk. Sa komt it dat ynwenners oan beide kanten fan de grins deselde streektaal sprekke.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • G.A. Stratingh en G.A. Venema, De Dollard (Groningen 1855).