Pûn sterling

Ut Wikipedy
Falutateken fan it pûn sterling

It pûn sterling (ek: Britske pûn, of koartwei pûn) is de muntienheid fan it Feriene Keninkryk. Hoewol't Skotlân en Noard-Ierlân eigen biljetten brûke, útjûn troch kommersjele banken, kin men dêr salang't der pound sterling op stiet yn teory yn heul it Friene Keninkryk mei betelje. De offisjele ISO-koade is GBP en it falutateken is £. Yn dat symboal is de letter L te herkennen, de earste letter fan it Latynske wurd libra, dat pûn betsjut.

It pûn wurdt ferdield yn 100 pence, iental penny. It symboal foar de penny is p.

Oarsprong[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

As faluta komt it pûn fan de gewichtsienheid Troy Pound. De Sterling waard yn 1158 troch Hindrik II fan Ingelân yntrodusearre. It wurd komt fan it âld Frânske wurd esterlin en betsjut 'sterk' of 'stânfêst'. (Guon boarnen beweare dat it wurd ôfkomstich is fan pound oesterling : in munt út Eastenryk/Dútslân). It wie de namme fan in sulveren penny fan 1/240 pûn. De wearde fan de penny fan doe is nei keapkrêft fergelykber mei dy fan ien pûn no.

As munt fan ien fan de machtigste (hannels)lannen fan de wrâld, it Britske Ryk, gou it pûn sterling yn de achttjinde en njoggentjinde iuw as kaaifaluta yn de wrâld, oant rûchwei de ein fan de Earste Wrâldoarloch. De Amerikaanske dollar hat s&unt ûngefear ein Twadde Wrâldoarloch dizze posysje oernomd; sûnt 1999 konkurrearret de euro mei de dollar om dizze posysje.

Oant 1971[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oant de oergong nei it desimale stelsel yn 1971 waard it pûn ûnderferdield yn 20 shillings en in shilling yn 12 pence. Prizen waarden werjûn as L/s/d (librae, solidi, denarii: safolle pûn, safolle shilling ensafolle pence), wat it omrekkenjen foar toeristen tige yngewikkeld makke. In bedrach ûnder in pûn, bygelyks 3/6, waard útsprutsen as 'three and six'.

De "s" fan shilling stie yn prinsipe net foar it wurd sels, mar foar it Latynske "solidus". It symboal foar de penny wie oant de oergong in "d", fan it Lantynske denarius.

Neist it pûn, de shilling en de penny, bestienen der yn it LSD-systeem noch oare munten, dy't gjin rekkenienheid wiene, mar wol ynboargere wiene.

  • De farthing: fan it Ald-Ingelske feorthding dat fjirde betsjut. It wie in kwart fan in penny en der giene dus 960 farthing yn in pûn. De lêste farthing waard yn 1957 slein.
  • De groat: in 'grut', fjouwer pence. Dizze munten waarden benammen by gelegenheid fan jubilea of kroaningen slein en wienen net foar de sirkulaasje bedoeld.
  • De florin: healwei de njoggentjinde iuw foar it earst slein as earste oanset ta desimalisearring fan it pûn. De florin wie in tsiende pûn weardich, ofwol 2 shilling. Florin betsjut itselde as floryn, in oare namme foar de gûne. It tafal woe dat n florin lange tiid ek likefolle weardich wie as in Nederlânske gûne.
  • De crown: de kroan wie 5 shilling weardich, dus in kwart pûn. Der wienen munten fan in hiele en in heale kroan. De half-crown (2/6) wie oant 1971 yn omrin en de hiele kroan waard yn de tweintichste iuw foar jubileumútjeftes reservearre.
  • De guinea: in guinea is 21 shilling weardich, yn desimaal geld £ 1,05. De guinea wie ynfierd as gouden munt mei in wearde fan 1 pûn (20 shilling) yn 1663. Troch fluktuaasjes yn de goudpriis wiksele de wearde tusken de 20 en 30 shilling oant dizze by keninklik beslút yn 1717 permanint fêstlein waard op 21 shilling. Dizze ienheid wurdt soms noch troch bookmakers brûkt; men betellet dan yn guineas en der wurdt útkeard yn pûnen, sadat it liket oft men in geunstigere útbetelling krijt. Ek wurde jockeys faak noch yn guineas útbetelle.

Sûnt 1971[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei de desimalisearring waard in jier of wat de term "new penny" brûkt. Oant 1982 stie dizze term yn de foarm "new pence" ek op de munten fermelde. Oant 1984 wie ek de heale new penny noch yn sirkulaasje, mar dy wearde, £ 0,005 wie troch de ynflaasje efterhelle. Inkele munten, dy't goed yn it desimale systeem pasten, de sixpence (£ 0,025), de shilling (£ 0,05), de florin (£ 0,10) en de half crown (£ 0,125) bleaunen noch inkele jierren wettich betelmiddel. Yn 1994 waarden de shilling en de florin as lêste út de sirkulaasje helle; de munt wie nammentlik foar de desimale tsjinhingers (5 en 10 pence) oergien op in lytser formaat, sadat sy net langer kwa formaat en gewicht identyk wiene oan de âlde munten.

De noch te krijen muntstikken binne 1 penny, 2 pence, 5 pence, 10 pence, 20 pence, 50 pence, £ 1 en £ 2. Bankbiljetten binne der yn 5 pûn, 10 pûn, 20 pûn en 50 pûn.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]