Cardiff

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Cardiff
Caerdydd
Cardiff Montage.png
Sifers
Ynwennertal 336.200 (2009)
Oerflak 140 km²
Befolkingstichtens / km²
Stêdekloft 841.600
Hichte 0-41 m
Polityk
Lân Feriene Keninkryk
Steat Wales
Ser. greefskip Súd Glamorgan
Oar
Tiidsône GMT (UTC0)
*Simmertiid BST (UTC+1)
Koördinaten
Webside Webside fan de stêd Cardiff
Lizzing fan cardiff yn Wales
It Millenniumstadion

Cardiff ('it fort oan de Taff'; Welsk: Caerdydd) is de haadstêd fan Wales en is ek de grutste stêd (city) fan dat part fan it Feriene Keninkryk. De stêd leit yn it suden fan Wales oan it Bristolkanaal. De rivier de Taff rint troch de stêd. Kastiel Cardiff is toeristyske attraksje fan belang.

Ut de skiednis[bewurkje seksje | edit source]

Cardiff Castle

Cardiff ûnstie yn 1093 om in kastiel fan de Noarmannen hinne. Op itselde plak hie earder in Romeinsk castellum stien. Oant de 19e ieu wie Cardiff in relatyf lytse stêd, mar troch de yndustrialisaasje en de stienkoaleminen groeide de stêd bot. Yn 1883 krige Cardiff in universiteit; it stedhûs waard yn 1904 boud. In jier letter krige Cardiff stedsrjochten (1905) en fyftich jier letter waard it de haadstêd fan Wales (1955). Yn de jierren tachtich ferkommere it havengebiet tige, in gefolch fan de stienkoalkrisis. Wilens is it gebiet omboud nei in kantoarensône en frijetiidssintrum.

Sûnt 1999 hat Cardiff it Millennium Stadium, de grutskens fan de Welsh Rugby Union. Oant it nije Wembley-stadion yn gebrûk naam waard, was dat it grutste stadion fan it Feriene Keninkryk. It is 93 meter heech, dat it is it heechste gebou fan Wales.

Ekonomy[bewurkje seksje | edit source]

De haven fan Cardiff, Cardiff Bay of Tiger Bay hjitten, wie yn it ferline ien fan meast drokke haven fan de wrâld, dy't fral tsjinne foar it skypjen en útfieren fan de stienkool út de noardliker dellingen. Troch de delgong fan de stienkoalwinning yn de jierren tachtich fan de 20e ieu, waard it belang fan de haven in stik minder. De wichtichste yndustriën binne no metaalbewurking, autoproduksje en meganika.

Ferkear en ferfier[bewurkje seksje | edit source]

Cardiff leit oan de autosnelwei M4 dy't east-west troch it suden fan Ingelân en Wales rint, fan Londen oant westlik fan Swansea (Abertawe). Cardiff leit ek oan it haadspoar fan Londen nei Fishguard en is it begjinpunt fan ferskate sydlinen. Op sa'n 16 kilometer fan it stedssintrum leit de ynternasjonale lofthaven fan Cardiff. Fan 1942 ôf hie Cardiff in trolleybusnet. Yn 1970 waard dy ophefd. No hat de stêd in protte bus- en treinlinen.

Demografy[bewurkje seksje | edit source]

Jier Ynwennertal Cardiff Feroaring
1801 6,342
1851 26,630 320%
1861 48,965 184%
1871 71,301 84%
1881 93,637 31%
1891 142,114 52%
1901 172,629 21%
1911 209,804 22%
1921 227,753 9%
1931 247,270 9%
1941 257,112 4%
1951 267,356 4%
1961 278,552 4%
1971 290,227 4%
1981 274,500 −5%
1991 272,557 −1%
2001 292,150 7%
2010 341,054* 17%

Berne yn Cardiff[bewurkje seksje | edit source]

Captain Scott Memorial yn Cardiff Bay - Robert Falcon Scott
Wikimedia Commons Dit materiaal is beskikber by Wikimedia Commons as Cardiff en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiky-projekten.