Epos

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
In klaaitablet dêr't in fragmint fan it Epos fan Gilgamesj op te lêzen stiet.

In epos (fan it Grykske ἔπος, epos, dat "wurd", "ferhaal" of "gedicht" betsjut), epysk gedicht of epyk is in literêr sjenre yn 'e foarm fan in lang ferheljend gedicht, dat yn 'e regel in earnstige ferhaalstof omfettet, lykas de dieden fan in beskate held of de foarfallen út 'e skiednis fan in kultuer of folk.

Oerlevering[bewurkje seksje | edit source]

In epos kin skriftlik fêstlein wêze, mar kin ek mûnling oerlevere wurde. Yn 'e oarsprong waarden alle epossen mûnling oerlevere, en fan alle skriftlike literêre sjenres hat it epos noch it meast mei de oerlevering gemien. De earste, oarspronklike epossen wurde primêre of orizjinele epossen neamd; dy fan letter datum, dy't dêrop weromgripe, binne de sekundêre of literêre epossen.

Foarbylden[bewurkje seksje | edit source]

Guon fan 'e meast ferneamde epossen geane werom op 'e Klassike Aldheid: de Ilias en de Odyssee fan Homêros, Wurken en Dagen fan Hesiodos, de Georgica fan Fergilius en de Metamorphoses fan Ovidius.

Fan foàr dy perioade binne dan noch it Sûmearyske Epos fan Gilgamesj en it Babyloanyske Enuma Elisj.

Ut Ynje komme it hindoeïstyske Ramayana en Mahabharata.

Yn 'e Midsieuwen ûntstiene it Aldierske Táin Bó Cúailnge, de Aldingelske Beowulf, de Aldiislânske Poëtyske Edda, it Aldfrânske Roelantsliet (Chanson de Roland, it Midheechdútske Nibelungenlied, it Aldspaanske El Cantar de Mio Cid, en it Italjaanske La Divina Commedia.

Foarbylden út letter tiden binne: it Portegeeske Os Lusíadas (De Lusiaden) fan Luís de Camões, The Faerie Queene fan Edmund Spenser, Paradise Lost fan John Milton, Faust fan Johann Wolfgang von Goethe, The Lady of the Lake fan sir Walter Scott, Alastor fan Percy Bysshe Shelley, de Finske Kalevala fan Elias Lönnrot, en Idylls of the King fan Alfred Lord Tennyson.

Dit is fansels mar in lytse greep út it totaal fan 'e epyk; epossen binne bekend út frijwol alle grutte Jeropeeske talen en klassike talen lykas it Aldgryksk, Latyn, Sanskryt en Sûmearysk, mar ek út it Arabysk, Armeensk, Fjetnameesk, Georgysk, Hawajaansk, Japansk, Jiddysk, Koreaansk, Perzysk, Tamil, Tibetaansk en Turksk.