Mount Cook
Mount Cook (Maori: Aoraki, de berch dy't de wolkens pakt) is in berch op it Sudereilân en de heechste berch (3766 meter) fan Nij-Seelân. De berch krige syn namme fan kapitein Stokes, de kartograaf dy't dit gebiet yn kaart brocht, en is neamd nei de Ingelske seefarder James Cook, dy't Nij-Seelân foar Grut-Brittanje ûntdekt hat. De berch is in toeristyske trekpleister.
Mount Cook leit yn it Nationaal park Aoraki/Mount Cook, dat yn 1953 iepene waard en mei it Nationaal park Westland Tai Poutini, it Nationaal park Mount Aspiring en it Nationaal park Fiordland ién fan de UNESCO World Heritage Sites is. It park hat mear as 140 berchtoppen heger as 2.000 meter en 72 gletsjers, dy't 40 % (700 km²) fan it park bedekke.
Mount Cook bestiet út trije toppen de Lege top, Middelste top en Hege top. De Tasmangletsjer leit it easten en de Hookergletsjer ten westen.
Mount Cook Village (ek bekend as The Hermitage) is in toeristysk sintrum en it basiskamp fan de berc. It leit 7 km fan de Tasmangletsjer en 12 km ten suden fan Mount Cook.
[bewurkje seksje] Keppeling om utens
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Aoraki/Mount Cook fan Wikimedia Commons. |