Abel Tasman

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Abel Tasman
De route fan de earste en twadde reis

Abel Janszoon Tasman (Lutjegast (Grinslân), 1603Batavia (Java), 10 oktober 1659) wie in Nederlânsk ûntdekkingsreizger. Hy is fral bekend troch syn reizen tusken 1642 en 1644 yn tsjinst fan de Feriene Eastyndyske Kompanjy (FEK). Der op útstjoerd troch Antonio van Diemen ûntduts hy it Fan Diemenslân (no Tasmaanje) en Nij-Seelân.

Tasman hie al earder op ûntdekkingsreis west. Yn 1639 wie er twadde man fan de ekspedysje ûnder Matthijs Quast. De seeën eastlik fan Japan waard doe ûndersocht.

Tasman syn opdracht wie it lân te ûndersykjen dat doe noch bekend stie as Nij-Hollân (it hjoedeiske Austraalje). De westkust fan dat kontinint wie alris troch Nederlanners besocht. Men woe witte at it in part wie fan Terra Australis, in ûndersteld súdlik kontinint. De FEK hope dat dêr in nij hannelsgebiet iepenlein wurde koe.

Ut it eachpunt fan de FEK wiene Tasman's reizen mislearre om't it úteinlik gjin nij hannelsgebiet opsmiet.

Literatuer[bewurkje seksje | edit source]

  • Roeper, V. & D. Wildeman (2006) Het journaal van Abel Tasman 1642-1643. Nasjonaal Argyf, De Haach. Waanders Utjouwers, Swol.
  • Slot, B.J. (1992) Abel Tasman en de ontdekking van Nieuw-Zeeland, Bercker, Kevelaer.
  • Dirck Rembrantsz van Nierop (1674) Journaal Abel Tasman, National Library Wellington New Zealand

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]