Springe nei ynhâld

Echte dieren

Ut Wikipedy
echte dieren
In dauwjirm.
In dauwjirm.
Taksonomy
domein: eukaryoaten (Eukaryota)
ryk: dieren (Animalia)
ûnderryk: echte dieren (Metazoa)
Haeckel, 1874

De echte dieren (wittenskiplike namme: Metazoa) foarmje yn 'e taksonomy in ûnderryk fan it ryk fan 'e dieren (Animalia). Hast alle bisten hearre ta dizze groep, útsein de sturtselligen (Choanozoa). Hjirby moat oantekene wurde dat de taksonomyske yndieling op dit nivo noch net alhiel útkristallisearre is. Dêrom wurde de "echte dieren" ek wolris definiëarre as bisten mei folslein differinsjearre weefsels, wat ek de spûnsdieren (Parazoa) útslút. Teffens wurdt de namme Metazoa wol as synonym mei Animalia beskôge. Hokker foarm fan yndieling oft brûkt wurdt, ferskilt per boarne en leit oan hokker teory oft folge wurdt.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.