Mokeftigen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Mallemok

De Mokeftigen (Procellariiformes) binne in skift yn de klasse fan de Fûgels (Aves).

Mokeftigen binne echte seefûgels, dy't meastentiids op de iepen oseaan omswalkje; se komme eins allinich oan wâl om te brieden. Alle soarten hawwe noasters dy't útrinne yn de foarm fan buiskes. By guon soarten lizze dy oan wjersiden fan de snaffel, by oaren komme se byinoar ta ien buis boppe op de snaffel. Fierder hawwe Mokeftigen meastentiids lange smelle wjukken. Harren poatten hawwe swimfluezen en de lytse eftertean is lyts of is hielendal net oanwêzich. De kleur fan de fearren is meast swart of griis.

De measte soarten fan de Mokeftigen kinne net op lân rinne en in protte soarten komme ek allinich by nacht op harren eilannen om te brieden. De Mokeftigen lizze mar ien aai en útsein de Albatrossen meitsje hja gjin nêst mar brûke se in kûle yn de grûn.

Fierder is opfallend oan dizze fûgels dat sy yn harren mage in soarte fan oalje hawwe, dy't se brûke om harren jongen iten te jaan. Dizze floeistof spuie se ek wol út foar harren ferdigening, at se harren bedrige fiele.

Klassifikaasje[bewurkje seksje | edit source]

Der binne 93 soarten yn 4 famyljes.