Beringstrjitte

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Beringstrjitte
Beringstraat.PNG
Lokaasje tusken Aazje en Noard-Amearika
See Noardlike Yssee
Koördinaten {{{koordinaten}}}
Oerflakte
Djipte (maks.) {{{djipte}}} m
Trochsneeddjipte {{{trochsneeddjipte}}} m
Trochsneeddjipte {{{djiptegem}}} m
Breedte 85 km
Maks. breedte {{{breedtemaks}}}
Maks. breedte {{{breedtemax}}}
Lingte
Oer

De Beringstrjitte (Ingelsk: Bering Strait, Russysk: Берингов пролив; Beringov proliv) is de seestrjitte dy't tusken de Grutte Oseaan en de Noardlike Iissee leit. It is de skieding tusken Aazje, (Sibearje) en de Feriene Steaten (Alaska). Oan de Amerikaanske side leit it skiereilân Steward, mei Kaap Prince of Wales, oan de Russyske side it Tsjoektsjenskiereilân, mei Kaap Dezjnjov. Yn de Beringstrjitte lizze de Diomedeseilannen dêr't de ynternasjonale datumgrins oerhinne rint en dy't de grins foarmje tusken Ruslân en de Feriene Steaten.

Yn de lêste iistiid wie it seenivo yn de Beringstrjitte sadanich leech, dat minsken en dieren fan Aazje nei Noard-Amearika lûke koene. Nei alle gedachten berikten yn dat tiidrek de earste minsken Amearika.